Ald-Cambuurtrainer Simon Kistemaker ferstoarn
Ald-Cambuurtrainer Simon Kistemaker is tiisdei op 81-jierrige leeftiid yn syn wenplak Heemskerk ferstoarn. Kistemaker wie yn it seizoen 1985-1986 ien jier trainer fan de Ljouwerter betelle fuotbalklup.
Dat waard gjin sportyf sukses. Cambuur einige dat jier as 19e yn de earste divyzje en Kistemaker moast as trainer plak meitsje foar Fritz Korbach.
Simon Kistemaker hat njonken Cambuur ek trainer west fan ûnder mear Volendam, Telstar en De Graafschap. Fan dy lêste klup waard er yn 2016 earelid. Oer him is ek de biografy De Kist - de laatste culttrainer van Nederland ferskynd.
Op de webside fan SC Cambuur winsket de fuotbalklup de famylje, freonen en oare neibesteanden fan Kistemaker in soad sterkte ta mei it ferlies.