Omstanners rêde man út auto yn sleat by Nyegea

24 nov 2021 - 10:15

Trije omstanners ha by Nyegea in man út syn auto helle nei in ûngelok op de N31. De auto fan it slachtoffer lei op 'e kop yn de sleat njonken de Wâldwei.

Foto: Noordernieuws

Helptsjinsten waarden om njoggen oere hinne opropppen foar it ûngelok. Trije omstanners kamen yn aksje en krigen de bestjoerder út de auto. De helptsjinsten ha de sleat noch trochwest op syk nei oare slachtoffers, mar dy waarden net fûn.

De man is oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it mei it slachtoffer giet, is net dúdlik. De oarsaak fan it ûngelok wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Wâldwei Nyegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)