Coronanijs fan 24 novimber: Coronahelikopter fljocht fan moarn ôf | Freed wer parsekonferinsje

24 nov 2021 - 22:52

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Foar de fiifde dei op rige mear as 900 coronagefallen yn Fryslân;
  • Lanlik binne 23.789 nije coronabesmettingen meld;
  • It is mooglik dat de skoallen ynkoarten tydlik ticht geane;
  • Der lizze 83 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • Takom freed wer in parsekonferinsje;
  • Oardel meter ôfstân hâlde wurdt wer ferplichte.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:10
Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.

19:50
Friesian Proms giet net troch

De grutte hynsteshow De Friesian Proms dy't pland wie foar 13 en 14 jannewaris giet net troch. De organisaasje, dat binne KFPS en stichting Faderpaard ha dit besletten fanwege de corona-ûnwikkelingen. De hynstekeuring giet wol troch.

19:40
GGD-buorden yn Kollum bekladde

Yn Kollum binne ferskate GGD-buorden bekladde mei graffiti. Dat meldt RTV NOF. Wa oft hjir ferantwurdlik foar is, is net bekend. Inkelde buorden binne ek poater.

De rûtebuorden binne ferline jier oktober pleatst fanwege de testlokaasje fan de GGD oan de Johannes Borgermanstrjitte yn Kollum.

Foto: RTV NOF
19:21
Coronahelikopter fljocht fan moarn ôf wer

De spesjaal foar corona ynrjochte traumahelikopter Lifeliner 5 sil fan moarn ôf wer fleane om coronapasjinten te ferpleatsen. Dat meldt it Radboudumc. De helikopter fljocht út Ljouwert wei, yn opdracht fan it Landelijke Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).

It medyske team oan board komt fan it Radboudumc. It tastel ferfiert pasjinten dy't op de intensive care lizze. De helikopter sil fan moandei oant en mei sneon fleane.

Yn in eardere faze fan de coronakrisis holp de Lifeliner 5 by it ferpleatsen fan coronapasjinten. Sûnt juny waard fanwegen it lege tal pasjinten it tastel wer inkeld foar fêste flechten fan de Waadeilannen ynset. Foar spoedferfier foar de Waadeilannen is no in ferfangende helikopter beskikber makke.

17:54
Prik helje by de húsdokter yn Jobbegea

Yn Jobbegea is in lege faksinaasjegraad, dêrom koe elk hjoed binnenrinne foar in prik by húsdokter Anita van der Wal.

Anita van der Wal

17:43
De Jonge: 'iedereen testen (1G-beleid) amper uitvoerbaar en duur'

'Als iedereen zich moet laten testen om binnen te komen bij bepaalde locaties, zoals in de horeca, is dat in de praktijk eigenlijk niet uitvoerbaar. Dit beleid - ook wel 1G genoemd - is ingrijpend, moeilijk te organiseren en ook erg kostbaar', skriuwt demisjonêr minister Hugo de Jonge oan de Twadde Keamer. Hy reagearret dêrmei op in fersyk fan de Keamer om út te sykjen hoe't in 1G-belied útpakke soe.

Ut berekkeningen komt nei foaren dat de kosten heech binne mar ek lestich yn te skatten. It leechste bedrach yn de ferskillende senario's komt del op 138 oant 155 miljoen euro de wike wylst it heechste bedrach oprint fan 1,4 oant sels 2,2 miljard euro de wike.

De kosten hingje net allinnich ôf fan de testen dy't brûkt wurde moatte soene (sneltesten of PCR-testen) mar ek fan it gedrach fan minsken. Ut ûndersyk docht bliken dat minsken minder faak nei plakken gean sille dêr't se har teste litte moatte foar de tagong - ek al binne se faksinearre of opknapt fan corona. Dat jildt foar alle sektoaren mar de delgong sil it grutst wêze by restaurants en oare hoareka, seit de minister.

17:06
WHO: nei faksin ek grutte kâns op corona

Coronafaksins ferminderje de kâns op in besmetting mei de dominante Delta-fariant mei sa'n 40 prosint. De Wereldgezondheidsorganisatie (WHO) warskôget dat faksins soargje foar in falsk gefoel fan feilichheid. It risiko op slimme sykte of stjerre is flink leger, mar minsken riskearje noch hieltyd in besmetting of it besmetten fan oaren.

Foar de komst fan de Delta-fariant lieken faksins de oerdracht mei sa'n 60 prosint te ferminderjen.

16:48
Gjin inkelde gemeente coronafrij

Yn alle 352 gemeenten van Nederlân is it coronafirus de ôfrûne dei fêststeld. Dat is foar it earst sûnt it begjin fan de pandemy. Woansdei is dei 637 fan de coronakrisis.

It tal gemeenten sûnder positive testen is flink nei ûnderen gean sûnt it begjin fan de hjoeddeiske golf, mar oant en mei tiisdei wie der hieltyd minstens ien gemeente dêr't gjinien besmet wie. Meast wie dit Skiermûntseach, Flylân, Amelân of Rozendaal. Dit binne de lytste gemeenten fan Nederlân.

Skiermûntseach hat it leechste tal positive testen. Sûnt it begjin fan de pandemy binne 52 eilanners posityf test. It eilân wie ek de lêste gemeente dêr't it firus fêststeld waard. Pas ein oktober ferline jier waard de earste ynwenner posityf test.

16:25
Bytsje stipe foar coronatagongsbewiis foar studinten

Der is mar in bytsje stipe foar in coronatagongsbewiis foar studinten. In lytse mearderheid (51 persint) fan it ûnderwiispersoniel is foar de maatregel, 42 persint is tsjin. Dat docht bliken út in enkête fan it AOb.

In QR-koade - Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens

It docht ek bliken dat de measte meiwurkers it net helber fine om alle studinten te kontrolearjen. "Er is weinig draagvlak voor het invoeren van een coronatoegangspas voor studenten in het mbo en hoger onderwijs", konkludearret AOb-foarsitter Tamar van Gelder.

16:10
Soarch moat hieltyd faker trochwurkje mei coronaklachten

It fakbûn FNV seit hieltyd faker sinjalen te krijen dat meiwurkers yn 'e soarch trochwurkje moatte mei coronaklachten of sels mei in positive testútslach. It bûn begrypt dat it tekoart oan personiel yn de soarch meispilet, mar fynt de sinjalen dochs "onwenselijk en gevaarlijk" en fynt dat dermei opholden wurde moat.

Foto: ANP
Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)