Liveblog | 24 novimber 2021

Coronanijs fan 24 novimber: Coronahelikopter fljocht fan moarn ôf | Freed wer parsekonferinsje

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 24 novimber 2021, 22:54
woansdei 24 novimber 2021
22:10

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
19:50

Friesian Proms giet net troch

De grutte hynsteshow De Friesian Proms dy't pland wie foar 13 en 14 jannewaris giet net troch. De organisaasje, dat binne KFPS en stichting Faderpaard ha dit besletten fanwege de corona-ûnwikkelingen. De hynstekeuring giet wol troch.
19:40

GGD-buorden yn Kollum bekladde

Yn Kollum binne ferskate GGD-buorden bekladde mei graffiti. Dat meldt RTV NOF. Wa oft hjir ferantwurdlik foar is, is net bekend. Inkelde buorden binne ek poater.
De rûtebuorden binne ferline jier oktober pleatst fanwege de testlokaasje fan de GGD oan de Johannes Borgermanstrjitte yn Kollum.
© RTV NOF
19:21

Coronahelikopter fljocht fan moarn ôf wer

De spesjaal foar corona ynrjochte traumahelikopter Lifeliner 5 sil fan moarn ôf wer fleane om coronapasjinten te ferpleatsen. Dat meldt it Radboudumc. De helikopter fljocht út Ljouwert wei, yn opdracht fan it Landelijke Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
It medyske team oan board komt fan it Radboudumc. It tastel ferfiert pasjinten dy't op de intensive care lizze. De helikopter sil fan moandei oant en mei sneon fleane.
Yn in eardere faze fan de coronakrisis holp de Lifeliner 5 by it ferpleatsen fan coronapasjinten. Sûnt juny waard fanwegen it lege tal pasjinten it tastel wer inkeld foar fêste flechten fan de Waadeilannen ynset. Foar spoedferfier foar de Waadeilannen is no in ferfangende helikopter beskikber makke.
17:54

Prik helje by de húsdokter yn Jobbegea

Yn Jobbegea is in lege faksinaasjegraad, dêrom koe elk hjoed binnenrinne foar in prik by húsdokter Anita van der Wal.
Anita van der Wal
17:43

De Jonge: 'iedereen testen (1G-beleid) amper uitvoerbaar en duur'

'Als iedereen zich moet laten testen om binnen te komen bij bepaalde locaties, zoals in de horeca, is dat in de praktijk eigenlijk niet uitvoerbaar. Dit beleid - ook wel 1G genoemd - is ingrijpend, moeilijk te organiseren en ook erg kostbaar', skriuwt demisjonêr minister Hugo de Jonge oan de Twadde Keamer. Hy reagearret dêrmei op in fersyk fan de Keamer om út te sykjen hoe't in 1G-belied útpakke soe.
Ut berekkeningen komt nei foaren dat de kosten heech binne mar ek lestich yn te skatten. It leechste bedrach yn de ferskillende senario's komt del op 138 oant 155 miljoen euro de wike wylst it heechste bedrach oprint fan 1,4 oant sels 2,2 miljard euro de wike.
De kosten hingje net allinnich ôf fan de testen dy't brûkt wurde moatte soene (sneltesten of PCR-testen) mar ek fan it gedrach fan minsken. Ut ûndersyk docht bliken dat minsken minder faak nei plakken gean sille dêr't se har teste litte moatte foar de tagong - ek al binne se faksinearre of opknapt fan corona. Dat jildt foar alle sektoaren mar de delgong sil it grutst wêze by restaurants en oare hoareka, seit de minister.