Harnzer apparaat moat yn alle Waadseehavens oaljefersmoarging oanpakke

It Waadfûns jout in subsydzje fan 300.000 euro oan it opromjen fan oalje yn de Waadseehavens. It bedriuw FORU-Solution yn Harns krijt dy subsydzje foar it ûntwikkeljen, úttesten en demonstrearjen fan in 'oaljeskimmer': in apparaat dat de oalje opsûget.
De haven fan Harns © Shutterstock.com (T.W. van Urk)
It giet dan benammen om oalje dy't griemd wurdt by it tanken fan skippen. Dat bart likernôch altyd, mar om hoefolle oft it krekt giet, is net bekend. It bedriuw tinkt deroer om in soarte fan stofsûger te ûntwikkeljen dy't de oaljelaach rap by de boarne oprêde kin, sadat fersprieding foarkaam wurdt.

Tinne laach

Der binne wol apparaten dy't oalje oprêde kinne út it wetter, mar neffens direkteur Koos Tamminga fan FORU-Solution binne der noch gjin goede oplossingen om in hiel tinne laach fan it wetter ôf te heljen. Neffens him spilet it probleem yn de hiele wrâld.
Yn de noardlike Waadseehavens binne der sa'n sechstich fersmoargingen yn it jier, seit Tamminga. Yn in soad gefallen wurdt der neat oan dien, ek omdat der gjin oplossing foar is. Der wurde wolris skermen omhinne pleatst, mar faak hat de oalje him dan al ferspraat.

Twa jier teste

It Harnzer apparaat wurdt twa jier test yn alle Waadseehavens. Sa moat dúdlik wurde hoefolle oalje yn it wetter bedarret en hoefolle oft de oaljeskimmer opsûgje kin. Dy ynformaasje wurdt fêstlein troch Rykswettersteat en de Waadseehavens. Dêr moat havenpersoniel spesjaal foar traind wurde.
Yn Harns wurdt in proefopstelling delset. Yn totaal kostet it projekt 450.000 euro.
Direkteur Koos Tamminga fan FORU-Solution