Spanningen yn Ljouwerter needopfang: oerlêst oant midden yn de nacht

De needopfang yn Ljouwert hat te lijen fan spanningen tusken Afgaanske flechtlingen en oare, faak manlike en allinnichsteande bewenners. Dat meldt de NOS. Guon flechtlingen ûnderfine lûdsoerlêst om't oaren oant midden yn de nacht oan it gokken, tafelfuotbaljen en -tennisjen binne.
De needopfang foar flechtlingen flak foar de iepening © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Neffens de flechtlingen dy't de NOS sprutsen hat, giet it faak om manlju dy't oant midden yn de nacht oan it roppen en it skellen binne. Troch it iepen karakter fan de opfang is der net in soad privacy.
Ien Afgaanske man dy't by de befeiliging oanjoech dat er lêst hie fan it leven, krige in pûdsje mei eardopkes werom. In oar fertelt dat syn bern net sliepe koene en dat hy sels wekker bleau om op syn húshâlden te passen.

Troch tekoart oan opfang

It is neffens it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) eins net winsklik dat húshâldens tusken allinnichsteande manlju telâne komme. Mar op dit stuit kin it neffens de organisaasje net oars.
It COA hat te lijen fan in tekoart oan opfangplakken. Dat komt troch de ynstream fan Afganen, mar ek om't tagelyk statushâlders net trochstreame kinne nei in wenning troch de krapte op de huzemerk.
VVD Ljouwert hat al oanjûn fragen te stellen oan boargemaster en wethâlders oer de situaasje yn de needopfang.