Gertjan Verbeek ûntslein as trainer fan Almere City

Gertjan Verbeek is tiisdei ûntslein as trainer fan Almere City. De gearwurking is opsein fanwegen teleurstellende resultaten fan de ploech. Almere City stiet op dit stuit op it 18e plak yn de Keuken Kampioen Divisie.
Gertjan Verbeek © Orange Pictures
Fan de 16 wedstriden dy't spile binne, ferlear de klup der 9. It is net de earste kear dat Verbeek ûntslein wurdt, hy waard yn it ferline ek by Feyenoord, AZ en Nürnberg weistjoerd.
"Beide partijen hebben er onvoldoende vertrouwen in dat dit op korte termijn kan worden omgebogen", sa liet de klup witte oer it ôfskied fan de 59-jierrige haadtrainer. Yn it ferline hat Verbeek ûnder oare trainer west by sc Hearrenfean. Hy wenne jierren yn Jobbegea, mar ferhuze nei Dalfsen.