Fries Museum ferliest in driuwende krêft oan Museum Gouda

Femke Haijtema wurket fan takom maart ôf net mear foar it Fries Museum, om't sy beneamd is as nije direkteur fan Museum Gouda. Femke Haijtema wie by it Fries Museum wurksum as direkteur tentoanstellingen en publykssaken. Neffens it bestjoer hat Haijtema fan grutte betsjutting west foar it Fries Museum.
Femke Haijtema © Museum Gouda
Haijtema hat in grutte rol spile nei de iepening fan it nije gebou fan it Fries Museum oan it Saailân yn 2013. Neffens it Fries Museum hat sy Ljouwert op de kaart set mei tentoanstellingen as dy fan M.C. Escher, Rembrandt & Saskia en Haute Bordure. Ek wie sy in driuwende krêft efter de werynrjochting fan keramykmuseum Princessehof yn 2017.
Haijtema begjint op 1 maart takom jier by Museum Gouda, dêr't sy Marc de Beyer opfolget.
© Omrop Fryslân, Anna Groenia