Lange file op de A6 en sa'n 15 auto's mei lekke bannen by De Lemmer

Op de A6 by De Lemmer moasten tiisdeitemiddei sa'n 15 auto's fuortsleept wurde. Alle auto's hiene in lekke bân. Der ûntstie in lange file. Der wurdt hurd oan wurke om de auto's fuort te krijen, ien rydstripe is ôfsletten.
© CAMJO media
It is noch net bekend makke hoe't de auto's krekt in lekke bân krije koene. Mooglik soe in frachtwein in fiadukt rekke hawwe.