Museum Martena bringt 17e-iuwsk skilderij wer ta libben

23 nov 2021 - 16:38

Doffe kleuren, gjin houten list en bedekt ûnder in grauwe laach; it 17de-iuwske skilderij Christus en de Cijnspenning fan de Ljouwerter skilder Lambert Jacobsz stie der jierren fertutearze by. Mar it doek is koartlyn restaurearre en pronket no yn Museum Martena yn Frjentsjer.

It skilderij sjocht der tenei wer kreas út:

Skilder Lambert Jacobsz (sa. 1598-1636) troude mei in frou út Ljouwert en kaam sa yn de 17de iuw yn Fryslân terjochte. Hy skildere in soad Bibelske tafrielen. Jacobsz hie in eigen atelier mei ferkate learlingen. Hy wie in respektearre boarger en in menist.

Werom nei Rubens

Syn doek Christus en de Cijnspenning hat in tiid yn it depot fan Museum Martena stien. Jacobsz skildere it doek op basis fan in gravuere fan Lucas Vorsterman, dy't wer wurke op basis fan in skilderij fan Peter Paul Rubens.

It skilderij foar en nei de restauraasje - Foto: Museum Martena

Mei help fan jild fan de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting koe it wurk restaurearre wurde. Skilderijen fan Jacobsz binne te sjen yn Stockholm, it Fries Museum yn Ljouwert en no ek yn Frjentsjer.

Lambert Jacobsz troude yn july 1620 mei Aechje Thonisdr. Foar it houlik makke de bekende dichter Vondel in lofdicht. In jier letter ferhuze Jacobsz nei Ljouwert. Syn frou Aechje ferstoar yn 1632. Jacobsz wie ek lekepreker foar syn gemeente. Yn de jierren 1630 wie hy ien fan de inisjatyfnimmers foar in nije fermanje oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Hy ferstoar yn 1636 yn de Fryske haadstêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)