FryslânDOK presintearret: 'Puberty' en 'Déconnectés'

23 nov 2021 - 19:00

Yn 'De Wike fan FryslânDOK' litte we by Omrop Fryslân tsien bysûndere dokumintêres út binnen- en bûtenlân sjen. Dizze tiisdei binne dat Puberty en Déconnectés. Te gast binne Adwin de Kluyver (filmprogrammeur by Podium Vlieland) en Piter Tjeerdsma (filmmakker en einredakteur FryslânDOK).

Still út Puberty - Foto: Eastwood Agency

Ferloskundige

De film Puberty (28 minuten) giet oer in frou mei fjouwer bern. Sy is in ferneamd ferloskundige yn Moskou, sy is krekt skieden en wol graach in freon. Bern en mem helpe inoar om har steande te hâlden yn de drege tiid. Net allinnich de bern binne yn de pubertiid, mem ek. Sy lange nei leafde en seks.

Regisseur Elena Kondreteva hat har haadpersoan Inna yn Moskou kennen leard doe't Inna har ferloskundige wie. In pear jier letter treft se Inna wer. Omdat de 'ôfstân' no wat grutter is, doart Elena it oan om in film oer har te meitsjen. It is har ôfstudearfilm oan de Filmakademy fan Moskou.

Déconnectés - Foto: Omrop Fryslân

Midstroch snien

Yn de film Déconnectés (52 minuten) wurdt it Belgyske doarpke Brûly, it doarp dêr't regisseur Valéry Mahy opgroeid is, wreed midstroch snien troch de oanlis fan in grutte dyk E420 tusken Charleroi en Nijvel. Wat betsjut dit foar de bewenners, foar it lânskip en de natuer?

It is net allinnich in film oer de slachtoffers, mar ek oer de minsken dy't meibouwe oan it projekt. Regisseur Mahy freget him mei dizze film ôf, oft foarútgong wol in foarútgong is. En oft minske en natuer harren ferbining kwyt binne: 'disconnected' (déconnectés). Valéry Mahy wurket as sjoernalist by de Frânsktalige omrop RTBF.

De Wike fan FryslânDOK: fan tiisdei 23 novimber oant en mei freed 26 novimber fan 21.00 oere ôf op Omrop Fryslân telefyzje. Alle films wurde Nederlânsk of Ingelsk ûndertitele. De films binne allinne te sjen op telefyzje en dus net online.

FryslânDOK hat mei PLONS! Film Festival en mei Circom, de organisaasje fan omroppen yn Europa, in tsiental nijsgjirrige dokumintêren selektearre.

Piter Tjeerdsma, Karen Bies en Adwin de Kluyver - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)