Hoogma hâldt op as direkteur topfuotbal KNVB

23 nov 2021 - 10:34

Nico-Jan Hoogma hâldt kommende simmer op as direkteur topfuotbal by de KNVB. De 53-jierrige Hoogma hat besletten syn ôfrinnende kontrakt net te ferlingjen.

Foto: ANP Foto

Hoogma waard berne op It Hearrenfean. Yn 1989 makke hy by Cambuur syn debút yn de earste divyzje, dêrfoar spile er by amateurhaadklasser vv Drachten. Yn 1992 waard er mei Cambuur kampioen fan de earste divyzje.

De Fries wurket sûnt 2018 by it nasjonale fuotbalbûn, dêr't er ferantwurdlik is foar ûnder mear it Nederlânsk alvetal, de 'Leeuwinnen' en Jong Oranje.

Hiele syklus

"Met de naderende afloop van je contract ga je reflecteren", seit Hoogma. "Als je doorgaat, dan begint een hele cyclus opnieuw. Er komen twee eindtoernooien aan en als Louis van Gaal na het WK klaar is, moet de nieuwe bondscoach er al staan. Dan heb je het over januari 2023. Als je die zelf aanstelt, dan wil je het liefst ook betrokken blijven bij het vervolg en ga je dus eigenlijk weer een hele nieuwe cyclus aan. Dat vind ik te lang, heb ik voor mezelf besloten."

Kommende simmer

Foar de Nederlânske fuotbalsters stiet kommende simmer it EK yn Ingelân op it programma. Ein folgjend jier docht it Nederlânsk alvetal mei oan it WK yn Katar. Van Gaal (70) hâldt nei dat toernoai op. "Als mijn contract straks afloopt in juni 2022, is het een goed moment om te stoppen", seit Hoogma. "Mijn opvolger kan dan ook met een schone lei beginnen."

'Jammer'

"Ik vind het jammer dat Nico-Jan niet met ons een nieuwe cyclus ingaat, maar respecteer uiteraard zijn beslissing", seit Marianne van Leeuwen, direkteur betelle fuotbal. "Gelukkig blijft hij er nog een tijd bij en kunnen we de komende periode samen met hem nadenken over zijn opvolging. We verwachten per februari de vacature officieel open te stellen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)