Fersoargingstehûs De Batting yn Harns tydlik op slot

23 nov 2021 - 10:19

Fersoargingstehûs De Batting yn Harns hat de doarren tydlik sletten foar besite. Yn it tehûs binne op ferskate ôfdielingen besmettingen by meiwurkers en bewenners fêststeld.

Soarchorganisaasje Noorderbreedte - Foto: Omrop Fryslân

Net allinnich yn de sikehûzen soarget it coronafirus foar ekstra druk. Aldereinfersoargingstehûs De Batting yn Harns is it earste tehûs yn Fryslân dat fanwegen it firus wer op slot gien is.

"We zagen op verschillende afdelingen zowel bij bewoners als bij medewerkers besmettingen of verdenkingen van besmettingen", fertelt Michiel Hoek, manager fan Noorderbreedte.

Michiel Hoek fan Noorderbreedte oer besmettingen by De Batting

"Dan moet je heel snel handelen en kijken wat we gaan doen." Troch de besmettingen ûnder de meiwurkers wie der benammen noed oer it útfallen fan personiel. "En dan moet je met minder mensen hetzelfde werk blijven doen. Dus is gezegd: we moeten gewoon even een paar dagen dicht."

'Niet groter maken dan het is'

Hoek relativearret de tydlike sluting foar besikers. Hy seit dat der gjin panyk by is. "We moeten het ook niet groter maken dan het is. Het is een voorzorgsmaatregel. Het is voor de veiligheid van de bewoners, de medewerkers en de bezoekers. We doen even iets extra, zodat het niet erger wordt."

It wie dreech dat der besmettingen op ferskate ôfdielingen wienen, seit Hoek. "Dat maakt het lastig, omdat je ondertussen gewoon de zorg voor alle bewoners moet blijven geven."

Wachtsje op útslaggen

Hy hopet woansdei de lêste testútslaggen te hawwen. Der soenen dan mooglik wer in pear ôfdielingen iepen kinne, en besite soe dan wer op ôfspraak delkomme kinne.

Hoek hat bewûndering foar it personiel yn de fersoargingstehûzen. "Ze zetten alle zeilen bij. Ik zou toch hopen dat we allemaal weer op de balkons gaan staan applaudisseren in plaats van rellen schoppen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)