Ofslútdyk is tiisdeitejûn ticht: Rykswettersteat wurket oan brêgen en slûzen

De Ofslútdyk is tiisdei tusken 19.00 oere en 05.00 oere yn beide rjochtingen ticht. Rykswettersteat is dan dwaande mei wurksumheden oan brêgen en slûzen fan it Lorentzkompleks.
De Ofslútdyk op jûntiid © Shutterstock.com (Eric Gevaert)
Ferkear moat omride fia de Houtbrikdijk (N307) en de Flevopolder. Neffens Rykswettersteat kin de reis oant 90 minuten langer duorje. As it wurk net op tiid klear is, dan brûkt Rykswettersteat de nacht fan 24 op 25 novimber ek.

Steuringen oanpakke

It wurk oan de brêgen en slûzen moat helpe om de 'storingsgevoeligheid' werom te bringen, sa't Rykswettersteat it sels omskriuwt. Tagelyk wurdt ek it beton en it asfalt ynspektearre.
As it waar meisit, wurdt ek de rinbrêge by it Vlietermonumint fuorthelle. Dan is it foar kuierders net mear mooglik om fan de Waadseekant nei de Iselmarkant oer te stekken. Yn de bûtenromte fan it Vlietermonumint moat in nije rinbrêge komme.
Mei it ôfsluten hat de grutste hinder foar it ferkear west, seit Rykswettersteat. Der wurdt al sûnt septimber wurk dien foar it befêstigjen fan sensoaren, it ynstallearjen fan betsjinningssoftware en it ophingjen fan ferskate kamera's.
Johan de Boer fan Rijkswaterstaat oer de wurksumheden