Coronanijs 23 novimber: 1,5 meter ôfstân wer ferplichte | 971 besmettingen

23 nov 2021 - 22:35

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:30
Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.

21:53
Gommers wol lockdown om 'koade zwart' foar te kommen

OMT-lid en foarsitter fan de Nederlânske feriening fan IC-dokters Diederik Gommers ferwachtet binnen no en tsien dagen in saneamde 'koade swart' yn Nederlân. Dat hâldt yn dat sikehuzen kieze moatte wa't sy noch helpe kinne en wa net.

Om dy situaasje foar te kommen, ropt hy it regear op om in hurde lockdown yn te fieren. Gommers hopet gau mei it OMT byinoar te kommen.

20:30
Mooglik al earder in coronaparsekonferinsje

It kabinet is mooglik fan doel om de coronaparsekonferinsje dy't foar freed 3 desimber op de planning stie, nei foaren te heljen nei de moandei of tiisdei. Gewoanwei wurde de nije besluten pas nei it oerlis fan it OMT naam.

In definityf beslút oer it eardr hâlden fan in parsekonferinsje is der noch net, mar neffens Haachske ynwijden is it 'niet ondenkbaar.'

18:02
MCL úteinset mei de 'oppepprik'

Dizze 'oppeprik' is de boosterfaksinaasje foar soarchmeiwurkers. Neffens demisjonêr minister Hugo de Jonge wurdt dy set foar in hege beskerming tsjin it coronafirus, mar ek om syktefersom yn de soarch tsjin te gean.

17:43
Mearderheid fan it ûnderwiispersoniel is foar strangere maatregels

Neffens in peiling fan EenVandaag is in mearderheid (63 persint) fan it ûnderwiispersoniel foar strangere maatregels yn it basisûnderwiis. In mearderheid fan de âlden (61 persint) wol de skoallen just leaver iepen hâlde.

It ûnderwiispersoniel soe alle basisskoallen minimaal in wike slute wolle. It personiel soe it wurk yn dizze omstannichheden, wêrby't bern en leararen geregeldwei yn karantêne moatte, dreech fine.

17:22
Minsken fine it hieltyd dreger om de basisregels yn acht te nimmen
16:25
Oardel meter ôfstân fan moarn ôf ferplichte

Om de stiging fan it tal besmettingen werom te bringen hat it kabinet oankundige dat 1,5 meter ôfstân fan moarn ôf wer ferplichte wurdt. Dat betsjut dat plysje en hanthaveners hjirop hanthavenje kinne. Earder wie it hâlden fan oardel meter ôfstân in driuwend advys.

De ferplichting jildt net foar minsken út ien húshâlden, op plakken dêr't in coronatagongsbewiis frege wurdt en op plakken dêr't it hâlden fan oardel meter net mooglik is.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
16:02
Besmettingen benammen by jonge bern en harren âlden

De measte besmettingen binne de ôfrûne wike fêststeld by jonge bern en harren âlden. It giet om de leeftiidsgroepen fan 5- oant en mei 14-jierrigen en 35- oant en mei 44-jierrigen, befêstiget it RIVM. Skoallen soene in hieltyd gruttere rol spylje yn it trochjaan fan coronabesmettingen.

15:47
Wêrom't it dreger wurdt om regels op te folgjen

It mienskiplikheidsgefoel dat er yn it begjin fan de coronakrisis wie, is der net mear sa bot. Dat seit gedrachswittenskipper Ellis ten Have fan Innzorg. It kabinet die tiisdei nochris de oprop oan minsken om har oan de coronamaatregels te hâlden, oars driigje nije maatregels.

Sy heart binnen bygelyks it OMT nijsberjochten dy't inoar tsjinsprekke. Boppedat hawwe minsken har eigen miening, har eigen omjouwing en har eigen netwurk. Ten Have seit dat dat it dreech makket om ús gedrach rjochting te jaan.

15:35
Kabinet praat dizze wike noch net oer 2G-maatregels

By in gearkomste fan de Keamerkommisje Folkssûnens fûn in mearderheid dat de wet dy't nedich is foar de 2G-maatregels te yngewikkeld is en mear tiid freget. It ûnderwerp sil dêrom net earder as nije wike yn de Twadde Keamer bepraat wurde.

In QR-koade - Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens

It saneamde 2G-belied soe ûnder oare ynset wurde kinne yn de hoareka en by eveneminten. '2G' stiet foar gevaccineerd of genezen. It betsjut dat in negative test net mear folstiet as tagongsbewiis.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)