Te min waarmtepompen: "Fan hjoed besteld moarn yn 'e hûs nei wiken wachtsje"

It terrein fan ynstallaasjebedriuw Damstra yn Driezum leit op dit stuit fol mei sinnepanielen, waarmtekanalen en oar guod. It leit opslein yn loadsen, konteners en sels in partytinte wurdt brûkt as opslach.
© ANP
En dat allegearre om't it bedriuw besiket leveringsproblemen op te fangen mei in sa grut mooglike foarried.
Wrâldwiid is der sprake fan in tekoart oan kompjûterchips. Dêrtroch komt bygelyks de ferwaarmingssektor ûnder druk te stean, want hieltyd faker kinne cv-tsjettels of waarmtepompen net reparearre of levere wurde. Dat komt om't de chips makke wurde yn Azië, mar troch de coronapandemy is de oanfier yn 'e hobbel kaam.

1300 sinnepanielen

"Wy besykje safolle mooglik foarried yn te keapjen, sadat we alle projekten trochgean litte kinne. Sa hoopje wy net yn 'e problemen te kommen mei ús planning omdat it materiaal der net is." Bedriuwslieder Symen Damstra leit út dat it somtiden net te dwaan is, wylst hy tusken de opboude foarried stiet. "We woene in pear jier lyn noch ôf fan grutte magazinen. No meitsje wy wer de omswaai nei it hiele terrein fol mei foarried."
Der lizze op dit stuit sa'n 1300 sinnepanielen opslein op it terrein. "Dy gean de kommende twa moannen nei ferskate projekten yn Fryslân, en dan is it op", leit Damstra út. "De oanfier fan nije is ûnderweis. Gewoanwei koest dy frij let yn 'e tiid bestelle, no ha wy dat moannen lyn al dien."

Hjoed bestelle, moarn yn 'e hûs

It slimste is it mei nije waarmtepompen en cv-tsjettels. Dêr moatst echt wiken op wachtsje, seit Damstra. "Wie it eartiids hjoed bestelle, moarn yn 'e hús, dêr moatte we no soms in wike of moanne wachtsje."