Skeel oer natuerfreonlike wâlkant yn De Lits by Eastermar

Natuer- en Lânskipsferiening De Wâlden, De Marren is lilk oer de oanlis fan in natuerfreonlike wâlkant yn De Lits by Eastermar troch Wetterskip Fryslân. Want der lei al in natuerfreonlike wâlkant en dêr is no yn fiif meter brede sleat yn makke.
Skeel oer natuerfreonlike wâlskant by Eastermar
De natuerferiening hat besocht de oanlis te kearen, mar dat is net slagge. Sûnt oktober is de nije ynrjochting in feit. Neffens de feriening hat de natuer dêr skea fan ûnderfûn: "As je yn in besteande natuerfreonlike wâl grave wêrfan't de boaiem noch folslein yntakt is, dan skeine je yn it earste plak de boaiem. En dan hawwe it noch net oer al it libben dat him hjir 20 jier lang ûntwikkele hat", seit Arend Timmerman fan De Wâlden, De Marren.
De nije sleat dy't oan de eastkant fan De Lits makke is © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De feriening nimt it behearder Steatsboskbehear ek kwea ôf dat sy dit tastien hawwe.

Wetterplanten

Neffens ekolooch Marianne Thanhausser fan Wetterskip Fryslân wie de besteande natuerfreonlike wâlkant 'hielendal ferlâne.' Sy seit: "It wie allegearre reid en dat stie hiel ticht op inoar." Net dat it gjin betsjutting hie foar de natuer, mar de ideeën binne feroare yn de rin fan de tiid.
De nije sleat stiet yn ferbining mei De Lits, mar leit yn de lijte sadat der wetterplanten komme kinne mei alle ynsekten en fisken dy't dêrby hearre.
De Lits by Eastermar. © Arend Timmerman
Dêrmei kin Wetterskip Fryslân better foldwaan oan de easken dêr't ús oerflaktewetter oan foldwaan moat, lykas ôfpraat mei Europa yn de saneamde Kaderrichtlijn Water.
De minsken fan de natuer- en lânskipsferiening tinke net dat soks slagget. Neffens harren wurket soks ek net yn ferlykbere wetters yn de omjouwing en komt alles wer fol mei reid te stean as je it net ûnderhâlde. Al hat it wetterskip dat ûnderhâld tasein, de lokale natuerbeskermers hawwe dêr gjin betrouwen yn.