Needferoardering yn Drachten ôfkundige út eangst foar ûngeregeldheden

Boargemaster Jan Rijpstra hat yn oerlis mei de plysje en it Iepenbier Ministearje in needferoardering foar Drachten ôfkundige. It beslút is naam nei de 'ernstige ongeregeldheden' dy't de ôfrûne dagen op meardere plakken yn Nederlân west hawwe nei it bekend meitsjen fan nije coronaregels en in fjoerwurkferbod.
© Omrop Fryslân
Neffens de gemeente soe der by de plysje ynformaasje binnenkaam wêze dat der op sosjale media oproppen dien wurde om yn de jûn op ferskate plakken byinoar te kommen, ûnder oare yn Drachten. Men wol foarkomme dat minsken de konfrontaasje oangean mei de plysje, fernielingen oanrjochtsje en winkels plonderje.
Der moat konkludearre wurde 'dat er een ernstige vrees bestaat voor het ontstaan van ernstige wanordelijkheden in de gemeente Smallingerland', sa stiet yn de needferoardering.

Stranger yngripe by ûnfeilige situaasje

It betsjut dat de boargemaster tusken 20.00 en 05.00 oere yngripe kin by ûnrêst en ûnfeilige situaasjes. Om de iepenbiere oarder te hanthavenjen krijt men mear foech.
In needferoardering hâldt ek yn dat de plysje stranger yn aksje komme kin as dat sy gewoanwei dogge. Sa kin de plysje ien of mear minsken út in gebiet fuortstjoere of se oanhâlde. In needferoardening wurdt allinne by bysûndere omstannichheden ynset.
Fierder stiet yn de needferoardering omskreaun dat minsken gjin wapens en fjoerwurk by har hawwe meie en dat it gesicht net bedekt wurde mei troch klean.
Smellingerlân is net de iennige gemeente dy't yn aksje komt. Yn de gemeente Zwolle is moandeitejûn in needbefel ôfkundige, dêr meie minsken net samar it sintrum yn.