Earste Fryske apteker prikt coronafaksin: "Hopelijk straks alle apotheken"

22 nov 2021 - 19:35

"Het is nu al een succes, want we hebben de eerste vaccinaties vandaag al gezet", seit apteker Rogier Hilbers fan De Drie Stellingen yn Easterwâlde. Hy is de earste apteker dy't yn ús provinsje minsken faksinearret tsjin corona. "We hopen het uit te rollen naar alle vijftig apotheken van Fryslân."

Hilbers set it faksin yn syn eigen apteek:

Aptekers wurde ynset foar it faksinearjen om't de gedachte is dat sy wat tichter op de minsken sitte en dêrtroch mear betrouwen krije. "We willen dit graag om te kijken of we toch de vaccinatiegraad in Fryslân kunnen verhogen. De vaccinatiegraad ligt hier op zo'n 80 procent. Maar de GGD heeft moeite om de mensen in de wijk te vinden die nog een eerste vaccin moeten krijgen", seit Hilbers.

Guon wachtsje noch op útnûging

De apteker wiist op in Lifelines-ûndersyk wêrfoar't koartlyn in soad minsken frege binne. "Daaruit bleek dat veel mensen nog wachten op een persoonlijke uitnodiging. Dat hoeft niet meer, je kunt gewoon een afspraak maken. Daarnaast weten sommige mensen ook niet dat het gewoon gratis is."

It moat minsken dus dúdlik makke wurde dat it maklik tagonklik is. "Wij proberen hier laagdrempelig te zijn, zodat mensen zonder afspraak gewoon binnen kunnen lopen. Wie een vaccinatie wil, kan die dan meteen krijgen. Voor de tweede prik moet wel een afspraak worden gemaakt."

Apteek De Drie Stellingen yn Easterwâlde - Foto: Omrop Fryslân

Dochs wie it noch wol efkes spannend, jout Hilbers ta. "Of alles werkt en de systemen op elkaar aangesloten zijn." De apteek wol ek aktyf minsken opsykje. "Wij sturen e-mails uit en gaan met onze patiënten in gesprek. We moeten ontdekken wat de beste manier is om de mensen te vinden die toch wel een vaccin willen."

Wachtromte oanpast

It pân fan de apteek moast foar it faksinearjen ynrjochte wurde. "Wij hebben gelukkig een grote wachtruimte in onze apotheek. Een gedeelte hebben we zo ingericht dat het afgeschermd is van de rest van onze patiënten, zodat men daar 15 of 30 minuten kan wachten."

Apteker Hilbers dwaande mei in faksin - Foto: Omrop Fryslân

It giet yn earste ynstânsje om in proef fan in wike. De apteker en syn meiwurkers moasten in spesjale training folgje by GGD Fryslân. Yn Snits waard al yn fjouwer apteken prikt, mar dêr diene GGD-meiwurkers it noch. Yn Easterwâlde is it echt it personiel fan de apteek sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)