Trijntje Draijer (107) as âldste Fries ferstoarn oan it coronafirus

22 nov 2021 - 18:08

De âldste ynwenner fan Fryslân, Trijntje Draijer-de Vries, is moandei ferstoarn. Frou Draijer is goed 107 jier âld wurden en wenne noch altyd selsstannich yn Balk. Oant koartlyn wie sy noch goed sûn, mar in wike lyn krige sy it coronafirus.

Trijntje Draijer-de Vries - Foto: Famylje Draijer

Frou Draijer wie noch mar sûnt 7 juny de âldste Fries, nei de dea fan de ek 107-jierrige Renske van der Meer-van der Galiën. Sy wie sûnt 3 maaie 2020 de âldste Fries, nei it ferstjerren fan de 109-jierrige Eelke Bakker.

Neffens de famylje hat frou Draijer mar in koart siikbêd hân. Oant koartlyn gie sy noch alle freeds it doarp yn mei har soan, ûnder oare foar in bakje kofje.

Beskieden, mar grutsk

Doe't frou Draijer te hearren krige dat sy de âldste Fries wie, reagearre sy beskieden dat it har ek mar jûn wie. Sy fielde har befoarrjochte om noch sa fit âld te wurden en wie der ek wol grutsk op. Sy mocht graach nei Omrop Fryslân harkje op de radio.

Frou Draijer waard berne yn Eastersee en wenne 62 jier mei har man Hendrik yn Wâldsein. Nei de legere skoalle wurke frou Draijer as help yn de húshâlding en as tsjinstboade by in predikant. Har man ferstoar yn 1992.

(Advertinsje)
(Advertinsje)