Selstraffen foar Bulgaren dy't froulju twongen ta prostitúsje yn Ljouwert

22 nov 2021 - 17:14

In 39-jierrige Bulgaar hat 22 moanne sel krigen foar in saak dy't spilet op de Weaze yn Ljouwert. De man twong hast twa jier lang in 19-jierrige Bulgaarse as prostituee foar him te wurkjen. Hy fong dêr in grou stik jild foar.

De Weaze yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De dieden fan de man kamen oan it ljocht omdat minsken seagen dat de man nei elke klant har keamer yn gie. Se fernamen dan dat se bedrige en mishannele waard.

By it ûndersyk kaam de plysje noch in oare Bulgaar (46) op it spoar dy't ek in jonge frou foar him oan it wurk hie op de Weaze. Dy man krige 14 moanne sel. Dat de oare man in hegere straf krigen hat, is omdat er alris earder feroardiele west hat foar deselde soart misdriuwen.

Beide manlju waarden begjin 2020 oppakt. De froulju doarden gjin oanjefte tsjin harren te dwaan omdat se net twongen west hawwe soene. Op basis fan ferklearringen, telefoangegevens en finansjeel ûndersyk oardiele de rjochter dat dat wol it gefal wie. Der wie wol deeglik sprake fan útrûpeling.

Alle moannen 10.000 euro oermeitsje nei hûs

De 39-jierrige hie njonken in seksuele ferhâlding mei de 19-jierrige frou dy't er foar him wurkje liet, ek noch in húshâlding yn syn thúslân. Hy makke alle moannen 10.000 euro oer nei syn frou yn Bulgarije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)