Plysje bot oandien troch ekstreem geweld Ljouwert: "Het enige wat ze wilden was vechten"

22 nov 2021 - 18:09

Ljouwert is oan it bekommen fan de rellen sneintejûn let by it Cambuurstadion. De plysje is bot oandien en neamt it 'ekstreme gewelddiedigens.' De rellen ûntstiene nei't in groepke minsken it stadion yn kaam dêr't op dat stuit SC Cambuur tsjin FC Utrecht spile.

Der binne al seis man oanholden foar de opskuor yn Ljouwert:

Dêr mocht gjin publyk by, fanwege de oanskerpe coronamaatregels. De minsken waarden it stadion wer útstjoerd, mar bûten op it Cambuurplein kearden sy har tsjin de plysje. Der waard mei stiennen en fjoerwurk smiten. En guon plysjes fielden de needsaak it wapen te lûken. Der waard úteinlik net sketten.

Earder wienen al trije minsken oanhâlden. Dat binne no seis en der wurde mear oanhâldingen ferwachte. De minsken, benammen in soad jongerein, hiene neat mei fuotbal en neat mei Cambuur. De supporters sprekke der ek skande fan. Der wie wat te rêden yn de stêd en dêr kamen oaren op ôf. Der ûntstie in driigjende situaasje.

Foto: AS Media

De plysje sil alle bylden besjen dy't makke binne, mei bodycams, kamera's op ME-buskes en de kamera op de helikopters.

"Enorme impact"

De plysje is bot oandien troch it geweld. Neffens teamsjef Klaas Dunnink hat de Ljouwerter plysje it drok mei neisoarch. "Het is enorm gewelddadig geweest en het heeft een enorme impact gehad op de dienstdoende collega's. Zij hebben echt in het nauw gezeten, ze hebben zich zwaar bedreigd gevoeld. Het is in mijn politiecarrière van veertig jaar een van de heftigste momenten."

Omslachpunt kaam rap

Der wiene yn 't foar net in soad plysjeminsken op it plein. "ME en aanhoudingsgroepen stonden paraat, maar wij willen als politie nooit de agressor zijn. We zijn in een normaal aantal op straat en als het onrustig wordt, dan wordt er hulp ingeschakeld. Maar het omslagpunt kwam nu heel snel, waardoor de eerste collega's echt moesten rennen. Er kwam een hele grote groep jongeren op hen afgerend. Het enige wat ze wilden was vechten."

Jongelju

Dunnink skrok benammen fan de jonge leeftiid fan de measte jongelju. "De meesten waren tussen de 14 en de 18 jaar. Maar ook de grootte van de groep en het gebruik van extreem geweld." De plysje hopet dan ek dat âlden de kommende tiid wach binne. "Op het moment dat je kinderen in een zwarte hoodie de deur uit gaan: ga in gesprek, vraag ze wat ze gaan doen."

Foto: AS Media

De plysje sil de rellen yntern evaluearje, om te sjen hoe't men in antwurd hawwe kin as soks wer ris bart. "We volgen sociale media om signalen op te vangen. En we zijn in contact met scholen om de jongeren te identificeren, met hen contact te leggen en met ouders in gesprek te komen. We kijken op veel terreinen naar hoe we dit kunnen voorkomen."

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Cambuur rellen
(Advertinsje)
(Advertinsje)