Plannen foar de Harnzer Bosk oanpast nei petear mei de buert

22 nov 2021 - 16:23

Gemeente Harns hat op 'e nij in plan presintearre foar de Harnzer Bosk. Yn it eardere plan wiene in útsjochtoer, tokkelbaan en crossbaan opnaam, mar dy komme te ferfallen.

Foto: Shutterstock.com (Jelte Bosma Fotografie)

Der is al in soad efterstallich ûnderhâld dien yn de bosk, mar de gemeente hat yn de ôfrûne jierren ek plannen makke om minsken yn de bosk út te nûgjen ta beweging. Ut de buert kaam lykwols krityk op de plannen.

Gemeente Harns hat dêrom yn petear west mei wykferieningen Groot Ropens en Ludinga en omwenners. Der is besletten dat de plannen foar in útsjochtoer, tokkelbaan en crossbaan ferfalle. De hoop fan de gemeente is dat yn de Harnzer Bosk no likegoed omtinken is foar beweging as foar bioferskaat, sûnder dat de buert der lêst fan hat.

Trefwurden: 
Harns plan Harnzer Bosk
(Advertinsje)
(Advertinsje)