Omrop TIP: Podcast 'Wy & Dy' oer identiteit en Fryslân

22 nov 2021 - 16:00

De podcast 'FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân' hat in nije rige: Wy & Dy. De jonge histoarikus Hielke van Duuren praat mei minsken dy't in bysûndere bân mei Fryslân hawwe. Wy & Dy giet oer identiteit. Wat spilet dêrby in rol?

Hielke van Duuren - Foto: Omrop Fryslân

Yn seis ôfleverings binne Joana Duarte, Seye Herke Brinkman, Tjits van der Wal, Mirka Antolovic, Marianne Klijnstra en Harm Edens te gast.

As earste fertelt Hielke van Duuren sels wêrom't hy dizze podcast meitsje woe. Dat kaam troch it boek De wereld van gisteren, skreaun troch de Joadsk-Eastenrykse skriuwer Stefan Zweig. Dy rekke yn syn libben alles kwyt wat foar him 'thús' en 'identiteit' betsjutte.

Ferhâlde ta de wrâld

Hielke van Duuren: "Jo earne thúsfiele, earne weikomme, in bepaalde kultuer drage - dat sprekt net altyd fansels. As dat der net is, kinne minsken yn in djippe krisis bedarje. Wy kinne ússels ôffreegje: kinne wy wol minske wêze sûnder identiteit, sûnder ús te ferhâlden ta de wrâld? De podcast Wy & Dy is in syktocht nei hoe't identiteit wurket. Under oare de Fryske identiteit, mar eins alle lagen fan identiteit dy't wy yn ús hawwe."

Yn seis ôfleveringen fan Wy & Dy praat Hielke van Duuren mei dizze minsken: (klik op de namme om op de podcast te kommen)

  • Joana Duarte is lektor meartaligens, komt út Portugal, sprekt acht talen én Frysk. Se fielt har wrâldboarger en set har yn foar ferskaat.
  • Seye Herke Brinkman is bekend wurden as ien fan de blokkearfriezen. Hy hâldt net fan feroaring, foar him is it oersichtlik: alles wat Frysk is, hat by him in streekje foar.
  • Flechte foar de oarloch yn Bosnië bedarre Mirka Antolovic as bern yn Nederlân. Se wurket no by anti-diskriminaasjeburo Tûmba en sit yn de ried fan Ljouwert. Har ferhaal giet oer it achterlitten fan har bertegrûn en it ferbûn wêzen mei de Friezen.
  • Teätermakker en sjongeres Tjits van der Wal lit yn har vlogs sjen hoe't sy mei har man en bern libbet. Wat opfalt is de befleinens wêrmei't se har bern yn it Frysk grutbringt.
  • Telefyzjepresintator Harm Edens wennet parttime oan de Aldebiltdyk. Hy hat ek in bining mei Fryslân, mar mear as taskôger. In man dy't oeral de humor fan ynsjocht - ek fan de Friezen.
  • As lytse poppe is Marianne Klijnstra yn Sri Lanka adoptearre troch Fryske âlders. Wat bart der mei dyn identiteit, ast fan it begjin ôf oan yn in oare kultuer opgroeist? Fryslân hat har foarme, fertelt se.

Wy & Dy fynst yn de podcast 'FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân', fia de bekende podcastapps en op www.omropfryslan.nl/podcast. Dielen út de petearen binne ek op telefyzje te sjen, yn de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)