Gert Kruys oer Cambuur: "De play-offs halen is niet onmogelijk"

22 nov 2021 - 15:49

Gert Kruys hat priizjende wurden foar SC Cambuur. De âld-trainer fan de Ljouwerters is ûnder de yndruk. "Misschien gaan ze wel super verrassen. Dat we een stunt krijgen. Dat ze de play-offs voor Europees voetbal halen."

"Cambuur had een plan en daar had FC Utrecht het heel moeilijk mee. Vooral het middenveld maakte indruk", sa fynt Kruys.

Hy jout alle kompliminten oan Henk de Jong en Foeke Booy. "Die hebben een goeie ploeg samengesteld. En ik ben ook onder de indruk van de trainer Henk de Jong. Grote complimenten ook voor Foeke. Die heeft toch deze groep samengesteld. Ik heb hem weer even een hand kunnen geven. Hij zag er goed uit. Maar het is rustig bij Cambuur, goeie leiding. Dat is wel heel mooi."

Met zijn allen naar de Ouwe Stoep. Microfoon in de handen en George Michael zingen met Levchenko.

Gert Kruys oer syn Cambuur-tiid

Kruys wie trainer fan SC Cambuur fan 1998 oant 2002 en is no ambassadeur fan FC Utrecht en jout kommentaar by RTV Utrecht. "Het was ontzettend leuk om weer terug te komen bij Cambuur. Dan neem ik een paar Beerenburgjes en schud wat handen van oude bekenden."

'Prachtige tijd'

Sa bringt hy him ek noch de wedstriid tsjin FC Utrecht yn 't sin. Cambuur stie seis minuten foar tiid noch mei 3-1 efter, mar wûn mei 4-3. "En daarna met de hele selectie naar de Ouwe Stoep. Zong ik met Levchenko een nummer van George Michael, Let's go outside. Paar baco'tjes erin. Wat een prachtige tijd man."

Hearrenfean pakt wichtige oerwinning: "Stie wol wat druk op"

Cambuur wûn en stiet no sânde, mar Hearrenfean pakte ek in knappe oerwinning. Hearrenfean wûn mei 2-1 fan Willem II, wylst se it grutste part mei in man minder spilen.

Ferslachjouwer Roelof de Vries: "Dit wie wol in wichtige oerwinning, want der stie wol wat druk op. It gefoel fan "dêr gean wy wer" libbe wol wat nei dy reade kaart. Mar mei tsien man spilen sy eins noch better. Dat se dizze oerwinning oer de streep lûke, is wol in komplimint wurdich."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)