Portugeeske inliners leare riden yn Thialf: "Portugal moet op de schaatskaart"

22 nov 2021 - 15:07

Portugal op de ynternasjonale reedrydkaart sette, dêr wol it lân him foar ynsette. It reedriden wurdt dêr hieltyd populêrder. Tweintich Portugezen binne dêrom op trainingskamp op It Hearrenfean.

Portugeeske inliners leare it reedriden yn Thialf:

De reedriders út Portugal binne eins inlineskaters (skeeleneurs). Ald-reedrider Fausto de Oliveira Marreiros is mei in groep fan tweintich skeeleneurs ôfreizge nei It Hearrenfean.

Mei mynwurkershelm Alvestêdetocht riden

"Dit is een groep die serieus aan de weg timmert bij het inlineskaten", fertelt Marreiros wylst hy in pear oanwizingen oan syn pupillen jout. Marreiros is sels ferneamd wurden om syn Alvestedetocht fan 1997. Hy finishte mei in mynwurkershelm op. Hy hat jierren meidraaid yn it reedriden en hopet dat op oare Portugezen oer te bringen.

Portugeeske reedriders op Thialf

"Ze moeten even wennen aan de verschillen, maar dat is logisch. De ondergrond is anders en daardoor moet de techniek ook anders ingevuld worden. Maar de meesten lukt het aardig. Er zit echt wel talent tussen. Al moeten ze even wennen aan het kraken van het ijs. Dat hoor je op de weg niet en dus ben je even anders met een rondje bezig."

Ald-reedrider Fausto Marreiros mei learlingen yn Thialf - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Neffens Marreiros wurdt it reedriden hieltyd populêrder yn Portugal. Ien fan de inlineskaters dy't meidocht oan it trainingskamp is Francisco Jesus. Hy is mei syn 15 jier âld al lang aktyf as inlineskater en moat dus ek wenne oan de oerstap. Benammen de kjeld is neffens him oanpasse, mar hy rekket deroan wend, seit Jesus. Yn it stadion is it net kâld, fynt er, mar bûten wol.

Twa wiken yn Thialf

De ploech is twa wiken lang yn Thialf te finen. Marreiros hopet dat sy entûsjast wurde foar it reedriden. "Als ze echt goed zijn, kunnen ze het de eerste jaren nog wel combineren. Daarna gaan we zien. Ik heb de hoop op een paar jongens die het kunnen, maar ze zullen er ook voor moeten gaan. We hebben het dan in ieder geval geprobeerd. Al is er maar ééntje die echt doorbreekt, dat is het al waard."

(Advertinsje)
(Advertinsje)