Cambuur-direkteur: "Ik zag twee meisjes hand in hand weglopen voor de ME"

"Chaos. niet normaal. Het waren allemaal kinderen. Ik zag twee meisjes hand in hand weglopen voor de ME. Het was verschrikkelijk." In dei nei de tiid stean de rellen fan snein Cambuur-direkteur Ard de Graaf noch goed foar eagen.
Ard de Graaf © Orange Pictures
Op it Cambuurplein stean moandei groepkes byinoar nei te praten oer wat der sneintejûn bard is. De rellen wolle Cambuur-direkteur Ard de Graaf ek net út de holle. "Het was chaos. Niet normaal. Ik stond ertussen. Het waren allemaal kinderen. Ik zag twee meisjes hand in hand weglopen voor de ME. Het was verschrikkelijk."
De Graaf tinkt net dat syn klup wat neilitten hat om sokke rellen foar te kommen. Se wiene goed taret, ek yn oerlis mei de gemeente. "Tegen dit soort geweld is niets bestand. Dit is niet te stoppen."
It earste fjoerwurkprojektyl kaam it stadion binnen by de súdeastlike tribunes. It einige by de noardlike tribunes dêr't de relskoppers it stadion yn kamen troch manmachtich oan de stekken te hingjen sadat se op giene. "De binnenhekken hielden het gelukkig wel," seit Ard de Graaf.
Dit zijn niet onze supporters. Deze jongens en meisjes komen alleen als er iets te beleven valt.
Ard de Graaf
Doe stiene se binnen, petsje of mûtse op en mûlkapke foar. De wedstriid waard stillein. De Graaf: "Toen was de druk van de ketel. Dit zijn niet onze supporters. Deze jongens en meisjes komen alleen als er iets te beleven valt."
Der is noch gjin ekskús kaam fan wa dan ek, seit De Graaf. Der binne wol guonts oppakt en der is of sil ek mei âlden fan de bern praat wurde. Cambuur docht mooglik oanjefte tsjin de relskoppers. De Graaf: "Ze zijn binnengedrongen in ons huis en zoiets moet je bij de mensen thuis ook niet flikken."