Seis minsken oanholden nei ûngeregeldheden yn Ljouwert

By de ûngeregeldheden yn Ljouwert by de wedstriid fan SC Cambuur binne ûnderwilens seis minsken oanholden. Der wurde mear oanhâldingen ferwachte.
Plysje oanwêzich by de ûngeregeldheden © Noordernieuws
Cambuur spile sneintejûn thús tsjin FC Utrecht. Yn de begjinfaze waard de wedstriid twa kear stillein. Earst omdat fan bûten it stadion fjoerwurk op it fjild smiten waard, even letter omdat minsken fan bûten it stadion yn kaam wienen.
Nei't de rêst yn it stadion werom wie, waard it bûten it stadion ûnrêstich. In grutte groep minsken hong dêr om en in part kearde him tsjin de plysje en de oanwêzige ME. Dy waarden mei fjoerwurk, stiennen en glês bekûgele. En guon plysjes fielden de needsaak it wapen te lûken. Der waard úteinlik net sketten.
De plysje sil alle bylden besjen dy't makke binne, mei bodycams, kamera's op ME-buskes en de kamera op de helikopters.