Kritysk rapport oer Biosintrum yn Easterwâlde; net goed sjoen nei kosten

De gemeente Eaststellingwerf woe sa graach dat it Biosintrum yn Easterwâlde der komme soe, dat sawol boargemaster en wethâlders as de gemeenteried net kritysk genôch sjoen ha nei de kosten.
© biosintrum.nl
Dat konkludearret de rekkenkeamerkommisje, dy't dêr op fersyk fan de ried ûndersyk nei dien hat. De ried hie dat frege omdat it biosintrum grutte finansjele tekoarten hat, dêr't de gemeente de beurs foar lutsen hat.
Neffens de rekkenkeamer is yn it foar net goed genôch sjoen nei wat it biosintrum kostje soe. Dêr hiene B&W mear oan dwaan moatten. En de ried wie der ek net skerp genôch op, seit de rekkenkeamer. De kommisje riedt oan om tenei by sokke grutte projekten in spesjaal team yn te stellen, mei ek in finansjeel ekspert deryn, dy't de kosten yn de gaten hâldt.