Liveblog | 22 novimber 2021

Coronanijs 22 novimber: 944 besmettingen | Fryske apteker prikt coronafaksin

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 22 novimber 2021, 22:33
22:30

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
21:47

Needferoardening foar Drachten

Boargemaster Jan Rijpstra hat yn oerlis mei de plysje en it Iepenbier Ministearje in needferoardening foar Drachten ôfkundige. It beslút is naam nei de 'ernstige ongeregeldheden' dy't de ôfrûne dagen op meardere plakken yn Nederlân west hawwe nei it bekend meitsjen fan nije coronaregels en in fjoerwurkferbod.
19:36

Earste Fryske apteker prikt coronafaksin

"Het is nu al een succes, want we hebben de eerste vaccinaties vandaag al gezet", seit apteker Rogier Hilbers fan De Drie Stellingen yn Easterwâlde. Hy is de earste apteker dy't yn ús provinsje minsken faksinearret tsjin corona. "We hopen het uit te rollen naar alle vijftig apotheken van Fryslân."
Apteker Rogier Hilbers fan De Drie Stellingen yn Easterwâlde © Omrop Fryslân
18:30

Aldste Fries ferstoarn oan corona

De âldste ynwenner fan Fryslân, Trijntje Draijer-de Vries, is moandei ferstoarn. Frou Draijer is goed 107 jier âld wurden en wenne noch altyd selsstannich yn Balk. Oant koartlyn wie sy noch goed sûn, mar in wike lyn krige sy it coronafirus. Neffens de famylje hat frou Draijer mar in koart siikbêd hân.
16:34

Ferline wike minder auto's op 'e dyk

Yn de earste wike nei de oankundiging fan de nije coronamaatregels wie it in bytsje rêstiger op de dyk. Dat meldt it Nationaal Dataportaal Wegverkeer (NDW).
Mei de nije maatregels paste it regear it thúswurkadvys ek oan. In part fan de minsken hat him dêr yn alle gefallen oan holden, it NDW seach ferline wike nammentlik 8 persint minder auto's op de dyk.
16:00

Noch hieltyd 'ekstreme drokte' by it meitsjen fan in testôfspraak

De fraach nei coronatesten bliuwt heech en dêrom kin it telefoanysk en online noch hieltyd dreech wêze om in ôfspraak te meitsjen. Der is nammentlik noch altyd 'ekstreme drokte' by it reservearjen fan in coronatest. Dat seit GGD GHOR Nederland.
De organisaasje joech foarige wike al oan dat de GGD's tsjin har maksimale kapasiteit oan rûnen. Ferline wike waarden op guon dagen mear as 90.000 testen ôfnommen.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts