Henk de Jong leaut syn eagen net: "Fuotbal wurdt hjir de dupe fan, ús klup ek"

"Ik fyn dit ûnfoarstelber", is de reaksje fan Cambuurtrainer Henk de Jong nei ûngeregeldheden yn en om it stadion, doe't syn ploech tsjin Utrecht spile. Cambuur wûn mei 2-1 yn in wedstriid dy't twa kear stillein waard.
De Jong is wiis mei de punten, minder oer alles derom hinne:
De Jong sit nei de wedstriid mei in dûbeld gefoel. Hy is wiis mei de trije punten en grutsk op syn ploech, mar baalt fan wat der oan it begjin fan de wedstriid barde. "It is sa skande. It gebeurt op mear plakken, mar it fuotbal wurdt der no de dupe fan. Us klup ek."
De minsken dy't foar de ûnrêst soargen, wienen neffens De Jong gjin Cambuursupporters. "Us supporters binne geweldich, dêr giet it hiel goed mei. Us hurde kearn is hjir ek net by belutsen. Dit is hiel oar folk."

Warskôge

De seleksje wie fan tefoaren al warskôge dat soks gebeure koe, seit Mees Hoedemakers. "Je zag het ook al op andere velden, dus we konden het een beetje aan zien komen."
Doelpuntemakker Jamie Jacobs slút him dêrby oan. "We hadden er - jammer genoeg - rekening mee gehouden. Verder hebben we er niet echt last van gehad. Vuurwerk is fantastisch, maar al het andere is zonde voor de club."
Jamie Jacobs profitearre fan in flater by Utrecht:
Oer de wedstriid kin Jacobs allinnich mar posityf wêze. "We hebben gewoon hartstikke goed gespeeld. Heel veel intensiteit en energie in de pot gelegd. Dat heeft het verschil gemaakt. Zeker het laatste halfuur kwamen we onder druk, maar we hielden onze rust recht en gaven niets weg."
Jacobs tekene sels yn it begjin fan de twadde helte foar de 2-1. "Warmerdam kopte 'm niet helemaal lekker weg. Het zijn van die momentjes waarvan je denkt: dit kan wel eens beslissend zijn. Als-ie dan via-via binnengaat, dan is dat top."

Grutte stap set yn ferdigenjen

Benammen ferdigenjend makke Cambuur yndruk. It is it ûnderdiel dêr't earder dit seizoen wolris krityk op wie. Mar hoe bot oft Utrecht yn de twadde helte ek druk sette, echt yn gefaar kamen de Ljouwerters net.
Mees Hoedemakers is grutsk op hoe't Cambuur it taktysk oanpakte:
"Van tevoren hebben we heel veel gesproken over tactiek, hoe we verdedigend wilden staan", seit Hoedemakers. "Dat hebben we fantastisch uitgevoerd en daardoor hebben we gedomineerd. We stonden compact, duels gingen goed. Een grote stap vooruit."
Yn hurdheid wurde we safolle better.
Henk de Jong oer it ferdigenjen fan syn ploech
Henk de Jong is grutsk op de progressy fan syn ploech. "Yn hurdheid wurde we safolle better. Fan it wykein ha we noch taktysk traind. It is moai hoe't de jonges dwaande binne: Erik Schouten foar it boerd mei in lyts groepke hoe't je saken oanpasse. Dan genietsje ik."
As it der dan útkomt, is it hielendal perfekt. "We meitsje plannen, we tinke nei. Dat wol ik graach. Hoe't ik dan sjoch hoe't it jûn giet, wat fyn ik dat moai."
Foar it seizoen sei De Jong noch dat er hope dat syn ploech oan de ein fan it seizoen 34 punten hat. Dan soe Cambuur feilich wêze moatte. Yntusken steane de Ljouwerters nei trettjin wedstriden al op 21 punten. "We dogge it goed. As we der noch in pear oerwinningen by pakke, dan binne we moai op wei. We fjochtsje, wa't der ek ynkomt. It is leuk om hjir trainer te wêzen."