Direkteur Cambuur: "Het leek op een kleuteroorlog"

Cambuurdirekteur Ard de Graaf hat gjin goed wurd oer foar de minsken dy't yn en bûten it stadion oan it rellen west ha sneintejûn. "Je weet niet wat je ziet, het is ongekend."
"Tien procent voert aan, negentig procent loopt mee", seit De Graaf:
De Graaf tinkt dat der in pear hûndert minsken bûten it stadion wienen. "Het leek op een kleuteroorlog. De gemiddelde leeftijd zal 15 of 16 jaar zijn geweest."
De thúswedstriid fan Cambuur tsjin FC Utrecht waard twa kear stillein fanwegen de ûngeregeldheden. Nei't supporters al in earste kear it stadion besochten binnen te kommen, slagge dat even letter. "Als je met vijftig man aan een hek gaat trekken, dan krijg je 'm wel open."
Doe't de groep ienkear binnen wie, skrokken se der sels ek fan, seach De Graaf. "Volgens mij is Henk de Jong er ook nog even heen gegaan. Het ging natuurlijk nergens over. Schandalig."
Het is een maatschappelijk probleem van jewelste.
Cambuurdirekteur Ard de Graaf
De fraach is yn hoefiere oft Cambuur der wat oan dwaan koe. Miskien net in soad, mar dochs fielt it net goed, seit De Graaf. "Het is ons evenement, onze wedstrijd. Maar we hebben het echt goed voorbereid met de gemeente, politie en club. Hier is bijna geen kruid tegen gewassen."
Ljouwert is net it iennige plak dêr't it misgie dit wykein. Freed wienen der al grutte rellen yn Rotterdam, sneon waarden ferskate earedivyzjewedstriden stillein fanwegen minsken yn it stadion en sneintejûn wie it ek yn ûnder oare Enschede en Grins ûnrêstich. "Het is een maatschappelijk probleem van jewelste."