Cambuur wint fan Utrecht yn ûntsierde wedstriid

21 nov 2021 - 21:59

Sportclub Cambuur hat sneintejûn mei 2-1 fan FC Utrecht wûn. De wedstriid waard ûntsierd troch ûngeregeldheden mei supporters yn en bûten it stadion.

Spilers fan Cambuur sjogge hoe't de wedstriid stillein wurdt troch fjoerwurk op it fjild - Foto: Orange Pictures

De wedstriid waard yn de begjinfaze twa kear stillein. De earste kear om't fan bûten it stadion fjoerwurk op it fjild smiten waard, in pear minuten letter bruts in groep minsken it stadion yn. Sy stienen achter de goal en op it fjild mei fjoerwurk.

Doe't it duel ienkear op gong kaam, wienen de twa ploegen behoarlik oan elkoar weage. Nei in pear wat lytsere kânskes iepene spits Roberts Uldrikis de skoare yn de 24e minút. Jamie Jacobs wie yn it strafskopgebiet earder by de bal as Othmane Boussaid. Hy lei werom op de Letske spits en dy koe fan tichtby binnen sjitte.

Roberts Uldrikis makket de 1-0 - Foto: Orange Pictures

Boussaid hie dêrnei in flinke kâns om de besikers op likense hichte te sjitten. Fan tichtby krige er de bal net tusken de peallen. Nei't Stevens even letter in hurd skot fan Anastasios Douvikas tsjinhold, waard it troch Moussa Sylla dochs 1-1. Syn skot waard fan rjochting feroare troch Alex Bangura en fleach oer Stevens hinne.

Trainer Henk de Jong brocht ien wiziging troch yn it skoft. Mitchel Paulissen, dy't in basisplak krigen hie fanwege de blessuere Robin Maulun, bleau efter yn de klaaikeamer. Michael Breij kaam tusken de linen. Binnen fiif minuten besocht de ynfaller it twa kear, mar sûnder sukses.

2-1 Jacobs

Cambuur wie wol dúdlik op syk nei de foarsprong en dy kaam. Django Warmerdam woe in bal fuortwurkje, mar skeat 'm rjocht op Jamie Jacobs ôf. Dy naam 'm yn ien kear út 'e loft: raak, dwers troch it midden.

Untlading by Jamie Jacobs nei de 2-1 - Foto: Orange Pictures

Stadichoan fierde Utrecht de druk dêrnei wol op, mar Cambuur stie goed by corners. Yn in tsjinoanfal wie it hast 3-1. Uldrikis iepene op Sambissa, dy lei de bal werom op Bangura en de linksback skeat krekt oer.

De grutste kâns foar de besikers dêrnei wie foar Douvikas. Dy like nei in kombinaasje op wei nei de lykmakker, mar yn in 1-op-1-situaasje kaam doelman Stevens as winner út de bus.

Yn de slotfaze waard de druk fan Utrecht hieltyd grutter, mar de grutste kâns wie foar de Ljouwerters. By in counter wienen Kallon en Breij derfan troch, mar de earste joech de bal net goed mei oan de lêste. It makke neat út, want Utrecht skoarde net mear.

Troch de oerwinning klimt Cambuur nei it sânde plak. De Ljouwerters ha 21 punten út 13 wedstriden.

Trefwurden: 
FC Utrecht SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)