Plysje bekûgele mei fjoerwurk yn Ljouwert, trije oanhâldingen

22 nov 2021 - 00:39

It is sneintejûn ûnrêstich yn Ljouwert mei groepen dy't har tsjin de plysje en de ME keard ha. Dy binne bekûgele mei fjoerwurk. De plysje hat trije minsken oanholden. Guon plysjes ha it wapen lutsen, mar der is net sketten.

Bylden fan de ûngeregeldheden bûten it stadion:

De plysje slút net út dat der mear oanhâldingen folgje. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke.

De ûngeregeldheden begûnen sawat tagelyk as de ôftraap by de thúswedstriid fan SC Cambuur tsjin FC Utrecht. Dy waard twa kear stillein. Nei in pear sekonden wie dat it gefal omdat fan bûten it stadion wei fjoerwurk op it fjild smiten waard. In pear minuten letter kaam in groep it stadion binnen mei fjoerwurk.

Bûten it stadion stie in grutte groep minsken. Op bylden is te sjen dat der fjoerwurk smiten is nei plysje en dat konteners yn 'e brân stutsen binne. Der binne ek strjitstiennen nei ME-buskes smiten. De Coopmansstrjitte is fanwegen de ûngeregeldheden ôfsletten. Boppe Ljouwert hâldt in helikopter fan de plysje de situaasje yn de gaten.

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat in needbefel ôfkundige foar it gebiet by it Cambuurstadion. Hy seit dat der ferskate minsken oanholden binne. Hoefolle krekt, dat seit er net.

Foar it earst yn skoften mei der dit earedivyzjewykein gjin publyk by de wedstriden wêze, fanwegen strangere coronaregels. By ferskate wedstriden dit wykein ha supporters wol fan har hearre litten troch fjoerwurk bûten it stadion ôf te stekken.

Yn guon gefallen is it publyk sels it stadion yn brutsen. Dat barde dus by Cambuur - Utrecht ek. Nei sa'n twa minuten opûnthâld gong de wedstriid wer fierder. Cambuur wûn úteinlik mei 2-1. Minsken dy't by de wedstriid oanwêzich wienen mochten nei ôfrin net direkt it stadion út.

Der waard fjoerwurk op it fjild smiten by Cambuur - Utrecht:

Ferslachjouwer Geert van Tuinen op it stuit dat der minsken it stadion yn komme

(Advertinsje)
(Advertinsje)