Ald-offisier Oebele Brouwer oer rellen: "Deadlik foar mienskip"

"Hurd oanpakke, mar wol yn petear bliuwe", dat is neffens boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen de bêste oanpak by rellen lykas yn Rotterdam fan ôfrûne freed.
Byld fan de rellen yn Rotterdam ôfrûne freed © ANP
Brouwer die syn útspraken yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Brouwer, dy't earder by it Iepenbier Ministearje wurke, tinkt dat de measten freed kamen om te donderjeien en net om te protestearjen.
"Dan binne jo in grut gefaar foar de iepenbiere oarder", tinkt de partijleaze boargemaster. "As groepen sa de rellen opsykje, dan is dat deadlik foar ús mienskip. Dat fjoerwurk, dêr't bygelyks mei smiten waard, dat binne suver bommen en dan lykje de konfrontaasjes hast op oarloch."
Oebele Brouwer, Habtamu de Hoop en Sieta van Keimpema sieten snein yn it nijsfoarum fan Buro de Vries © Omrop Fryslân, René Koster
It is bizar, neffens Brouwer. "Je sille dêr mar stean as plysjeman of -frou, dat it sels sa fier komt dat jo nei it wapen gripe moatte. Dêr moat op strange wize peal en perk oan steld wurde, mar bliuw wol yn petear. Sjoch dy minsken, en eventueel har âlden, wol yn de eagen!"
It Nijsfoarum fan Buro de Vries oer de rellen
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan de PvdA typearre de rellen as 'totaal idioat'. "Hjir is gjin inkel eksús foar. Dit wie net in bytsje oer de grins, mar fier oer de grins."
Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force wie benammen fernuvere oer it feit dat plysje sa oerrompele wie: "De plysje sjocht mei yn groepen dêr't soksoarte fan aksjes bepraat wurde. Je soene dochs sizze dat se dit dan ek sjoen ha!"
Van Keimpema wiisde ek op de ynset fan it leger by de boereprotesten. "En dy wiene allegear netsjes oanfrege."
De folsleine útstjoering fan Buro de Vries mei it Nijsfoarum werom harkje kin hjir. It Nijsfoarum is ek as podcast werom te finen op Spotify en by podcast-apps.