Winst wie wichtich foar Hearrenfean: "Last van onze schouders"

21 nov 2021 - 18:15

It momint yn it seizoen én de wize wêrop: de ferromming wie grut by sc Hearrenfean nei de oerwinning op Willem II. "We kwamen vroeg met tien man te staan", seit matchwinner Nick Bakker. "Dan krijg je het gevoel van: 'daar gaan we weer.'"

Bakker hopet dat er no in basisplak fertsjinne hat:

Bakker soarge mei in kopbal in kertier foar tiid foar de winnende treffer. Sân minuten earder stie Hearrenfean noch mei in man minder op efterstân. "We kwamen op 0-1, maar vochten ons gelukkig goed terug. Bij de 2-1 viel er een last van onze schouders."

Hy tekene dus sels foar dy 2-1, nei't er syn kopduel mei Ulrik Jenssen wûn. "Ik raakte 'm goed en de bal daalde heel mooi. Of koppen mijn specialiteit is? Dat weet ik niet, maar ik heb wel een paar kopgoals gemaakt in m'n carrière."

We waren er wel eens aan toe.

Xavier Mous

De ûntlading wie dus grut by Hearrenfean. "Dat komt door een hele hoop dingen", seit doelman Xavier Mous. "We hebben een paar moeilijke wedstrijden gehad. Met uitzondering van de wedstrijd tegen NEC speelden we wel goed, maar we pakten geen punten. Daar waren we wel eens aan toe."

Xavier Mous wie mei in tal rêdingen belangryk:

"Als je dan met tien man ook nog op achterstand komt, dan weet je dat het heel lastig wordt. Des te lekkerder is het dat we het om konden draaien."

Trainer Johnny Jansen omskriuwt it as in hektyske wedstriid. Flak nei it lêste fluitsinjaal sprekt hy noch net fan ferromming, mar hy moat tajaan dat de punten no wol hiel wolkom wienen, mei de lêste wedstriden yn de efterholle.

Jansen fûn it in terjochte oerwinning. "Willem II raakte wel paal en lat, maar wij hebben veel meer grote kansen gehad."

Johnny Jansen fynt dizze trije punten net perfoarst wichtiger oas oaren:

Dat barde ek mei in man minder op it fjild. Safier wie it kaam, trochdat Anthony Musaba al binnen tweintich minuten syn twadde giele kaart pakte. Jansen moat de bylden noch werom sjen, mar leaut net dat beide kaarten terjochte wienen. "Bij de eerste kaart speelde hij volgens mij de bal. De tweede geel had misschien gekund, maar rood was het niet."

Dochs pakte de reade kaart net sa min út foar Hearrenfean, want it fuotbaljen waard der better fan. "Ik wil niet zeggen dat het ons heeft geholpen", seit Nick Bakker. "Maar er komt wel een soort spirit in de ploeg. Je kunt dan vrijuit voetballen en dat ging wel aardich."

Enerzjy troch rêdingen

Wat ek meiholp wie dat Xavier Mous yn foarm wie. "We doen het met z'n allen", seit de doelman, "maar ik probeer met reddingen wel belangrijk te zijn natuurlijk. En ik pakte een goede bal op een belangrijk moment. Daar was ik zelf natuurlijk ook heel blij mee, ik hoop op zo'n moment dat het team er extra energie van krijgt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)