sc Hearrenfean toant fearkrêft en wint wer ris

21 nov 2021 - 16:20

Nei fjouwer kear puntferlies op rige hat Sportklup Hearrenfean wer ris wûn yn de earedivyzje. De Friezen fochten har tsjin Willem II mei in man minder werom fan in efterstân en wûnen mei 2-1.

Henk Veerman en doelman Xavier Mous fiere de winst - Foto: Orange Pictures

Santich minuten lang stie Hearrenfean mei tsien man op it fjild, nei't Anthony Musaba syn twadde giele kaart pakte. Dêrfoar ûntsnapte Hearrenfean alris oan in efterstân, nei't Willem II yn ien oanfal de latte en de peal rekke.

Nei't Hearrenfean mei in man minder kaam te stean, hie Willem II wol it bettere fan it spul, mar sûnder ta in soad grutte kânsen te kommen. Doelman Xavier Mous moast yn aksje komme by in ôfstânsskot fan Godfried Roemeratoe, mar krige it fierder net hiel drok.

Anthony Musaba nei syn reade kaart - Foto: Orange Pictures

De bêste kânsen wienen sels foar Hearrenfean. Spits Henk Veerman kaam flak foar de goal yn skoaringsposysje, mar waard fan skoaren ôfholden troch doelman Timon Wellenreuther. En ek Filip Stevanovic hie de Friezen op foarsprong sette kind, hy skode de bal lykwols foardel.

Trije goals yn sân minuten

Healwei de twadde helte kaam Willem II mei in man mear dochs op foarsprong. Ché Nunnely stie by in foarset hielendal frij by de twadde peal en hoegde de bal yn feite allinnich mar oan te reitsjen: 0-1.

Hearrenfean hie net lang nedich om de klap te ferwurkjen. By in counter spile Filip Stevanovic himsels goed frij, hy kapte nei binnen ta en krôle de bal yn 'e fiere hoeke.

De Friezen rûkten bloed en nochris fiif minuten letter wie it sels 2-1. Ut in corner fan Joey Veerman wûn ferdigener Nick Bakker yn 'e loft fan Ulrik Jenssen en hy kopte de bal oer Wellenreuther kinne.

Joey Veerman en Nick Bakker fiere de 2-1 - Foto: ANP

It wie in faze dêr't in soad yn barde, want wer twa minuten letter stie net allinnich Hearrenfean mei tsien man, mar ek Willem II. Miquel Nelom stie noch gjin kertier yn it fjild, mar pakte doe al syn twadde giele kaart.

De Tilburgers kamen noch wol yn 'e buert fan de lykmakker, mar Mous hold de foarsprong fêst foar sc Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)