Wüst wint sulver op 1.500 meter, Friezinnen op 500 meter bûten medaljes

21 nov 2021 - 15:58

Ireen Wüst hat yn Stavanger in sulveren wrâldbekermedalje pakt op de 1.500 meter. Antoinette de Jong einige krekt njonken it poadium. De winst gong, krekt as in wike lyn, nei wrâldrekôrhâldster Miho Takagi út Japan.

Ireen Wüst - Foto: Orange Pictures

Wüst notearre in tiid fan 1.56,25. Dêrmei wie se in goede heale sekonde stadiger as Takagi. Foarige wike einige Wüst noch krekt njonken it poadium as fjirde.

It brûns gong yn Stavanger nei Ayano Sato, ek út Japan. Se wie seis hûndertsen fan in sekonde rapper as Antoinette de Jong, dy't dêrmei fjirde waard. De slotronde fan de Rottumse wie sterk, mar se hie dêrfoar krekt wat te folle ferlern.

Marijke Groenewoud ried yn de B-groep nei it sânde plak, yn in tiid fan 1.59,85.

Gjin poadiumplakken op 500 meter

Op de 500 meter rieden Michelle de Jong en Femke Kok har bêste 500 meter fan it wrâldbekerseizoen oant no ta. It wie net genôch foar poadiumplakken: De Jong einige as achtste, Kok as njoggende.

Michelle de Jong - Foto: Orange Pictures

Michelle de Jong sette in tiid del fan 38,08, Femke Kok wie fiif hûndertsten fan in sekonde trager. Yn de trije eardere 500 meters fan dit wrâldbekerseizoenen wiene de twa Friezinnen noch net sa rap.

De oerwinning op de 500 meter gong foar it earst dit seizoen net nei Erin Jackson. De Amerikaanse waard no ferslein troch Nao Kodaira út Japan. Kodaira notearre 37,52. It brûns wie foar Angelina Golikova.

Earder op de dei wie Marrit Fledderus fiifde wurden yn de B-groep, yn in tiid fan 38,94.

(Advertinsje)
(Advertinsje)