Hûndert prosint skoare foar Schulting, De Laat wis fan Olympyske Spelen

Suzanne Schulting hat snein de 1.000 meter op har namme skreaun by de tredde wrâldbekerwedstriid. Se pakte mei de froulju ek goud op de relay. Itzhak de Laat fersekere him op de 1.000 meter by de manlju fan dielname oan de Spelen.
Suzanne Schulting nei har winst op de 1.000 meter © Orange Pictures
Nei't Schulting earder op de dei goud pakt hie op de 1.000 meter, wie se mei Xandra Velzeboer, Selma Poutsma en Yara van Kerkhof ek de rapste op de relay.
Benammen Kanada makke it de Nederlânske froulju noch lestich, mar echt yn gefaar kaam de gouden medalje net foar Schulting-en-dy. De Nederlânske froulju pakten de kopposysje goed tsien rûntsjes foar de ein en stienen dy net mear ôf.
De Nederlânske froulju hellen by de earste wrâldbeker in sulveren medalje op de efterfolging. Yn Japan hellen se dêrnei by de twadde wedstriid goud. En no yn Hongarije dus op 'e nij.

Oppermachtich op 1.000 meter

Lykas sneon op de 1.500 en de 500 meter wie Schulting snein ek oppermachtich op de 1.000 meter yn it Hongaarske Debrecen. Yn de finale makke benammen de Kanadese Courtney Sarault it Schulting noch lestich, mar de Friezinne slagge deryn om de oanfallen fan Sarault te parearjen.
It is de fjirde kear dat Schulting yn in shorttrackwykein de hûndert prosint skoare hellet. Earder prestearre se dat twa kear op in EK en ien kear op in WK. No dus foar it earst op in wrâldbekerwedstriid.
Ben ik wel goed genoeg? Die vraag stel je jezelf elke keer.
Suzanne Schulting is net altyd wis fan har saak
It liket by Schulting altyd sa maklik te gean, mar ek sy is ek geregeld net wis fan har saak, sei se nei ôfrin. "Ben ik wel goed genoeg? Die vraag stel je jezelf elke keer, ook al gaat het heel goed. Dit weekend wordt het bevestigd dat ik heel erg goed ben. Daarom is de blijdschap en euforie ook zo groot."

Itzhak de Laat nei Peking ta

By de manlju ried Itzhak de Laat nei in medalje op de 1.000 meter. De Ljouwerter lei yn de finale op it twadde plak, mar nei in ûnderûnske mei in Kanadeeske rider sakke er werom nei it fjirde plak. Yn de lêste ronde koe De Laat dochs noch in ynhelaksje pleatse en sa pakte er it brûns.
Itzhak de Laat yn Debrecen © Orange Pictures
Dêrmei is De Laat ek wis fan in startbewiis op de Olympyske Spelen. Dat binne je as je op twa ferskate wrâldbekers in medalje helje op ien ôfstân. Trochdat De Laat by de wrâldbeker yn Japan al twadde waard op de 1.000 meter, mei er starte op de Olympyske Spelen yn Peking.
De oerwinning gie nei de Koreaan Hwang Daehon, hy einige foar nûmer twa Pascal Dion út Kanada.