Twadde dei op rige mei mear as 900 coronabesmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 940 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 52 minder as sneon. Doe waarden 992 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It is de twadde kear dat yn Fryslân op ien dei mear as 900 coronabesmettingen meld binne. Juster wie dus de earste kear.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 779 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed noch op 687 besmettingen, in wike lyn op 514.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne fjouwer Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân (2), Dantumadiel en Tytsjerksteradiel.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 20.717. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 21.059.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.