Oosterhaven nimt nei 40 jier ôfskied as muzykdosint en dirigint Bogerman Bigband

Nei 40 jier nimt Anne Oosterhaven ôfskied as muzykdosint op skoallemienskip Bogerman yn Snits en as dirigint fan de Bogerman Bigband. It 35-jierrich jubileum fan de bigband en it ôfskied fan Oosterhaven soene snein hâlden wurde, mar is ôfsein fanwege de coronamaatregels.
Anne Oosterhaven © Omrop Fryslân
Oosterhaven begûn yn de jierren 80 as muzykdosint op it Bogerman. Hy hie al gau de ambysje om in skoalorkest op te setten. Dat wie foar dy tiid frij unyk yn Fryslân en Nederlân, fertelt er. Hy waard ynspirearre troch skoalorkesten yn Dútslân en bigbands yn Amearika.

"Dy leskes komme wol"

In muzyklearaar kin ek in oare ynfolling krije as allinnich mar foar de klasse stean, fûn Oosterhaven. "Ik tocht, moatst net by de les yn de klasse begjinne, mar by in skoalorkest en skoalfoarstellingen. Alles watst mei muzyk en teäter dwaan kinst, en dan komme dy leskes ek wol. Dat wie myn konsept fan op in skoalle wurkje. En Bogerman joech my fan it begjin ôf de romte."
Oosterhaven woe net in muzykkorps opsette, want dêr wiene der neffens him genôch fan. "Ik woe oare muzyk meitsje, want dat slút better oan by de jeugd." En dus waard it in bigband.
Hy is no 63 jier. Hy hâldt net op omdat er der gjin aardichheid mear oan hat of gjin enerzjy derfoar hat. "Mar, je kinne yn it libben ek ris wat oars dwaan." Hy bliuwt noch wol dwaande mei muzyk, bygelyks as arranzjeur en produsint.

Nije dirigint

Sjoerd Hiemstra nimt it stokje oer fan Oosterhaven. Hy is al trije jier dwaande mei in soarte fan ynwurkingstrajekt. "Sadat ik in bytsje koe meidraaie. Want yn ien kear alles, bam, oernimme dat is nochal wat."
Hiemstra hat yn dy tiid nau gearwurke mei Oosterhaven. "Sa bin ik der hiel lekker ynrôle. We ha it echt tegearre dien, de ôfrûne trije, fjouwer jier. Dat ha ik as hiel prettich en lúkse ûnderfûn, dy kâns."
Oosterhaven hat mei de Bogerman Bigband twa kear it Prinses Christina Concours wûn, en ek wiene der optredens mei artysten fan formaat as Lydia van der Meer, Ruben Hein, Eric Vloeimans, Saskia Laroo en sels Jean Toots Thielemans.
"De latte leit heech, absolút, mar we gean derfoar", seit Hiemstra. "De ôfrûne jierren ha my wol it fertrouwen jûn dat ik it mei de oare kollega's ek kin."
Anne Oosterhaven en Sjoerd Hiemstra yn Op & Ut