Liveblog | 21 novimber 2021

Coronanijs 21 novimber: Rellen yn Ljouwert | 'Parsekonferinsje mooglik earder'

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 22 novimber 2021, 00:40
snein 21 novimber 2021
23:38

Plysjes lutsen wapens

By de ûngeregeldheden yn Ljouwert sneintejûn binne trije minsken oanholden. De plysje slút net út dat der mear oanhâldingen komme. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke. Guon plysjes ha it wapen lutsen, mar der is net sketten.
22:00

Oanhâldings yn Ljouwert

It is sneintejûn ûnrêstich yn Ljouwert. De plysje is ûnder en nei de wedstriid fan SC Cambuur bekûgele mei stiennen, glês en fjoerwurk. Der binne ferskate minsken oanholden. Boargemaster Buma en Cambuurdirekteur De Graaf reagearje mei ôfgriis op de ûngeregeldheden.
19:34

'Parsekonferinsje earder'

De earstkommende parsekonferinsje fan demisjonêr premier Rutte en minister De Jonge komt mooglik earder as earst pland. De bedoeling wie dat der op 3 desimber wer in parsekonferinsje wêze soe, mar it platfoarm De Ondernemer meldt no dat boarnen by it OMT sizze dat it earder moat.
De reden: fanwegen, de hjoeddeistige coronasifers, de ûnrêst en "vooral een boodschap die duidelijker moet, is een persconferentie over pas twee weken onverantwoord", skriuwt De Ondernemer.
15:16

940 nije coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM hat yn de ôfrûne 24 oeren 940 coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Der binne fjouwer Friezen mei it coronafirus opnommen yn de sikehuzen.
Lanlik leit it tal besmettingen op 20.717.
14:23

Aldereinsoarch ûnder druk

De Nederlânske âldereinsoarchorganisaasjes binne benaud dat âlderein sûnder soarch komme te sitten. Neffens brânsjferiening ActiZ rint de soarch foar âlderein fêst. "Het is niet meer bij te benen. Het ziekteverzuim onder medewerkers stijgt snel, door het coronavirus zelf en de quarantaine maar ook door het bijna bovenmenselijke werk dat ze al bijna twee jaar onder hoge druk leveren", seit bestjoerslid Conny Helder.

'Maraton sûnder einstreek'

ActiZ wol dat it kabinet mei in plan komt om foar te kommen dat de situaasje slimmer wurdt. "De maatregelen zijn moeilijk te volgen. Daar komt nog bij dat deze marathon steeds weer met tien kilometer wordt verlengd. Dat is niet vol te houden. Dit is voor iedereen die werkt in de zorg een marathon zonder finish. Dus nu heldere maatregelen voor langere tijd én zorgen dat iedereen zich aan de maatregelen houdt", seit Helder.
13:49

2.316 pasjinten mei Covid yn de Nederlânske sikehuzen

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der wer 99 pasjinten by kaam yn de Nederlânske sikehuzen. It bringt it totaal oantal coronapasjinten yn de sikehuzen op 2.316. 466 fan harren lizze op de IC. Dat binne der 34 mear as sneon.