Minne kommunikaasje Sierra Leöane bringt Issa Kallon yn Italië

Fleugelspiler Issa Kallon stiet jûn wer yn de basis by Sportklup Cambuur. Hy hie ôfrûne wykein mooglik wedstriden spylje kind foar Sierra Leöane, mar keas foar in wykeintsje Milaan.
Issa Kallon hopet dat it publyk der nei dizze trije wiken wer by wêze kin yn de stadions:
Yn oktober spile Kallon syn earste wedstriid foar it Afrikaanske lân, in oefenduel mei Marokko. Dat wie syn debút, nei't er eardere útnûgings alris njonken him dellein hie.
No waard er wer oproppen foar in wedstriid tsjin de eilannegroep Komoren, mar wie er der net by. "Er was een beetje gedoe met het opsturen van de tickets", fertelt Kallon. "Dat duurde heel erg lang. Ik had maandag nog niks binnen. Op mijn vraag waarom niet kreeg ik een onduidelijk antwoord en toen heb ik besloten om niet te gaan."

Minne kommunikaasje

"Ik vond de communicatie gewoon niet goed en daarom ben ik niet gegaan. Communicatie is daar vaker niet goed. Ze zijn wel eens wat laks", leit er út.
Beetje geshopt en lekker veel pasta eten.
Issa Kallon hat him wol fermakke yn Milaan
Dus yn plak fan in ynterlân spile Kallon mei Cambuur in oefenwedstriid tsjin Borussia Dortmund II yn Epe. Dêrnei krige de seleksje fjouwer dagen frij en dy brocht Kallon troch yn Italië. "Ik ben met m'n gezinnetje vier dagen naar Milaan geweest. Beetje geshopt en lekker veel pasta eten. Het was leuk."
No wachtet FC Utrecht. Cambuur moat it dwaan sûnder de fanatike oanhang. "Dat is voor iedereen erg balen, dat we weer spelen zonder publiek. Heel erg vervelend. Ik hoop dat onze supporters er na deze weken weer bij kunnen zijn."
SC Cambuur - FC Utrecht begjint snein om 20.00 oere. Dy wedstriid is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma fan Omrop Fryslân op de radio. Geert van Tuinen docht it kommentaar.
En Kallon hopet dat Cambuur de goeie foarm fêst hâlde kin. Foar de ynterlânbreak wûnen de Ljouwerters de lêste twa kompetysjewedstriden. "Hopelijk kunnen we die lijn voortzetten."
De fleugelspits is dwaande oan syn fyfde seizoen yn Ljouwert. Cambuur naam him yn 2017 oer fan FC Utrecht, de tsjinstanner fan jûn dus. "Het is wel leuk dat ik tegen mijn oude club speel, maar ik benader het gewoon als iedere andere wedstrijd. En we willen natuurlijk gewoon de drie punten in Leeuwarden houden."