Minne earste helte wurdt LDODK net fataal: 21-24 winst op KCC

It nije Kuorbal Leagueseizoen is foar LDODK goed úteinset. It iepeningsduel tsjin KCC yn Capelle aan den IJssel waard mei 21-24 wûn troch de Friezen.
© Marco Spelten
Femke Faber ûntbruts yn dizze wedstriid yn ferbân mei in polsblessuere. Sy waard ferfongen troch Rixt Bouma. LDODK spile muoisum yn de earste helte. In flugge efterstân (3-1) waard noch wol goedmakke en omset yn in foarsprong fan trije goals (4-7), mar op de stân 9-10 wie LDODK it hielendal kwyt.
Benammen Randy Oosting wie in pleach foar de ploech út De Gordyk, hy skoarde seis kear yn de earste helte. Mei 14-10 sochten de teams de klaaikeamers op.
© Marco Spelten
LDODK begûn motivearre oan de twadde helte. Yn it skoft waard de taktyk oanpast. Marjolijn Kroon waard yn it oare fak pleatst op it plak fan Rixt Bouma en Esmee van Veen kaam op it plak fan Kroon yn it oare fak. Dat levere resultaat op.
Nei in lytse acht minuten wie it troch goals fan Ran Faber en Marjolijn Kroon alwer lyk: 15-15. Julian Frieswijk sette De Gordyksters mei twa fraaie treffers wer op foarsprong, mar KCC koe wer oanheakje.
Oant 20-20 gie it lykop, mar doe sloech LDODK fia Marjolijn Kroon in gatsje (20-23). Dat kaam KCC net mear te boppe. Einstân: 21-24.

Oare coach

De nije haadtrainer fan LDODK, Dico Dik, ûntbruts as coach by dizze wedstriid. Hy is oan it opbetterjen fan in eachoperaasje en waard ferfongen troch assistint-trainer Robert Luttik.
Doelpuntemakkers LDODK: Marjolijn Kroon 6, Ran Faber 6, Julian Frieswijk 5, Marlou Kuiper 3, Wessel Bergsma 2 en Erwin Zwart 2.
By KCC waard Randy Oosting topskoarer mei 7 goals. Demi van Oosten makke der 5.