Fryske riders misse poadium by maraton Hoorn

20 nov 2021 - 21:42

De maraton fan Hoorn is sneontejûn wûn troch Lisa van der Geest en Evert Hoolwerf. De Fryske riders kamen allegear neist it poadium telâne.

Foto: ANP

Yn ôfwêzigens fan favoriten Irene Schouten en Marijke Groenewoud, dy't yn Stavanger binne foar de wrâldbekers, leine der kânsen foar oare riders.

In groepke fan seis rydsters seach dy kânsen ek en gie der al betiid fantroch. Se hiene in foarsprong fan goed in heale ronde, doe't Lisa van der Geest en Loesanne van der Geest der fan troch giene.

Suskes op kop

Harren ploegen setten alles op alles en lieten harren rydsters weromsakje nei de koprinners. Ek Merel Bosma fan It Hearrenfean ried sa in tal rondes op kop en mei har help pakte de groep in ronde op it peloton.

De suskes Van der Geest mochten yn de einsprint útmeitsje wa't de winst pakte. Dat waard Lisa, dy't har jongere suske krekt te rap ôf wie. Elisa Dul waard tredde.

De Friezen bedarren krekt neist it poadium: Bianca Bakker waard fjirde en Aggie Walsma sechde.

Foto: ANP

By de manlju wie grutte ôfwêzige Jorrit Bergsma, ek fanwegen de wrâldbeker. Wol op de startlist: Sven Kramer. Hy docht net mei oan de wrâldbekers.

Al gau pakte in groep fan tweintich riders in ronde foarsprong. Jordy Harink, Evert Hoolwerf, Casper de Gier en Jeroen Janissen pakten sels twa rondes.

Kramer lit him sjen

Sven Kramer siet foaral efteryn it peloton, mar by it yngean fan de bel sette er noch efkes oan foar de sprint fan it peloton, mar waard noch ynhelle troch Harm Visser fan De Westereen. Mar dat gie mar om it 21e plak.

De fjouwer oerbleaune koprinners diene it rêstich oan. Hiel rêstich sels, want mei rondes fan mear as twa minuten pakten se alle tiid te herstellen.

Hoolwerf wûn de sprint, foar De Gier en de op It Hearrenfean wenjende Janissen. Gjin fan de Friezen helle de top 10.

Trefwurden: 
reedriden maraton Maraton Cup
(Advertinsje)
(Advertinsje)