Bûtenpost sechsde nei lytse oerwinning op Swift

Bûtenpost hat sneon mei 1-0 wûn fan Swift. Yn Amsterdam makke Max Huiskamp it iennige doelpunt.
© Orange Pictures
Bûtenpost hie it dreech yn de begjinfaze. De earste kânsen wiene foar Swift, mar de ferdigening fan de Blaukes koe stânhâlde. Healwei de earste helte kaam Bûtenpost wat better yn de wedstriid.

Van der Meulen rêdt Bûtenpost

Nei 36 minuten ûnderskate doelman Kevin van der Meulen him doe't er in grutte kâns fan Swift út de goal hâlde koe. Sadwaande wie it 0-0 by it skoft.
© Orange Pictures
Nei it skoft wie de earste kâns foar Bûtenpost fuort raak. Max Huiskamp makke nei in pass fan Rob Schokker 0-1.
Nei it doelpunt wie Swift oan it sykjen nei de lykmakker. Bûtenpost oerlibbe lykwols it slotoffinsyf en pakte dêrmei de trije punten.
Bûtenpost hat no 16 punten en is dêrmei foarearst sechsde yn de haadklasse.

Corona

Yn ferbân mei coronagefallen by de tsjinstanners waarden de wedstriden fan Harkemase Boys en ONS Snits sneon skrast.