Jorrit Bergsma pakt sulver op tsien kilometer yn Stavanger

Jorrit Bergsma hat sneontemiddei sulver pakt op tsien kilometer yn Stavanger. By de ienige 10.000 meter op de wrâldbekers koe Bergsma net yn de buert komme fan de tiid fan Nils van der Poel.
© ANP
Jorrit Bergsma stie yn de lêste rit tsjinoer Nils van der Poel. De Sweed sette fuort rappe rondetiden del, dêr't Bergsma net oan komme koe.

Van der Poel oermachtich

Dat levere Van der Poel goud op en ek it baanrekôr fan Sven Kramer (12.50,97, út 2017) gie der oan: 12.38,92.
Bergsma ried yntusken syn eigen race en dat gie him goed ôf. Yn 12.56,08 waard hy twadde, foar Ted-Jan Bloemen. Marwin Talsma waard mei 13.15,83 tsiende.
© ANP
Op de 500 meter kamen de Fryske reedrydsters net yn de buert fan de prizen. De winst wie foar Erin Jackson, de Amerikaanse ried 37.6. Femke Kok kaam mei 38.4 op it tolfde plak telâne.
Michelle de Jong waard 15e en Marrit Fledderus 19e. De foar Ingelân útkommende Harnzer Ellia Smeding waard yn de B-groep 23e.

Ploege-efterfolging

De Jong, Fledderus en Kok kamen ek út op de ploege-efterfolging. Dêr waard de Nederlânske ploech fjirde. De manlju, sûnder Friezen, waarden diskwalifisearre nei in falpartij.