Schulting pakt twa kear goud op wrâldbeker Debrecen

20 nov 2021 - 17:15

Shorttrackster Suzanne Schulting hat sneontemiddei de 1.500 en de 500 meter wûn by de wrâldbeker yn it Hongaarske Debrecen. It wiene har 15e en 16e gouden medaljes op in wrâldbeker.

Foto: ANP

Schulting socht by de 1.500 meter al gau in plakje krekt efter Kirsten Santos en mei noch fiif rondes te gean kaam se oan kop. Mar Koreaanske konkurrintes Choi en Lee sieten der flak efter.

Dy besochten Schulting foarby te stekken, mar se wie fierwei te rap. Lee waard twadde, foar de Kanadeeske Sarault.

Mei de gouden medalje hat Schulting ek fuort har ticket foar de Olympyske Spelen binnen.

Roes fjirde

By de manlju mocht Sven Roes fan Gytsjerk starte yn de finale. Sjinkie Knegt helle dat net, hy waard troch in penalty earder al útskeakele.

De Gytsjerker hie net genôch snelheid en kaam as fjirde oer de streek Troch in penalty waard hy út de útslach skrast.

Opnij feest op 500

Op de 500 meter wie it opnij feest foar Schulting. Se kaam nei de earste bocht op it twadde plak telâne, efter Kim Boutin.

De Friezinne like yn de problemen te kommen doe't ek Arianna Fontana foarby kaam. Mar by it yngean fan it lêste rûntsje ride se wer op kop en dat joech se net mear út hannen.

By de manlju kamen gjin Friezen yn de buert fan de prizen op de 500: Itzhak de Laat waard útskeakele yn de kwartfinales.

(Advertinsje)
(Advertinsje)