Plysje-aksje yn Vlietsône Ljouwert, drugsdealer oanholden

20 nov 2021 - 13:08

De hanthavening fan Ljouwert hat freedtemiddei en -jûn in wykaksje hâlden by oerlêstlokaasjes yn de Vlietsône. De aksje waard útfierd troch saneamde 'bikers', hanthaveners op de fyts.

Foto: ANP

De hanthaveners krigen stipe fan in ûnopfallende ienheid fan de Ljouwerter plysje. Der waard kontrolearre op strafbere feiten dy't in soad foarkomme. In drugsdealer waard op 'e died betrape. De dealer is oanholden, de klant hat in bekeuring krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)