Omrop TIP: De ûntdekking fan Fryslân yn FryslânDOK

By de betinking fan 70 jier Kneppelfreed freget FryslânDOK him ôf wêr't it idee fan in Fryske identiteit eins op basearre is. De ûntdekking fan Fryslân is in dokumintêre yn twa dielen. Diel 1 wurdt útstjoerd op 20 novimber by NPO2 en op 21 novimber troch Omrop Fryslân.
Yn Ljouwert waard op 16 novimber 1951 in rjochtsaak fierd oer de Fryske taal. Dy dei gong de skiednis yn as Kneppelfreed (Knuppelvrijdag) en wurdt field as in kearpunt: sûnttiid binne de Friezen har bewuster fan har bysûndere taalposysje yn Nederlân.
Neist de striid foar de taal krige ek de Fryske eigenheid doe in nije stimulâns.
Bert Looper by de Upstalsbeam yn Dútslân © Omrop Fryslân
Neffens Bert Looper, oant foar koart direkteur fan histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, kaam mei Kneppelfreed de ferbylding oan 'e macht yn Fryslân. Faak waard 'De Fryske Frijheid' oanhelle, de letmidsiuwske perioade doe't Fryske gebieten ûnder gjin inkel sintraal gesach yn Europa foelen.
Ek Fryske bestjoerders yn de jierren '50 omearmen fan herte it gefoel fan in Fryske eigenheid. Dy manifestearret him hieltyd op 'e nij, oanpast oan nije wurklikheden, mei langstme as in sterke oanjager, seit Looper.
Minykolleezje fan Bert Looper yn Sneon yn Fryslân
Betinking fan de Slach by Warns © Omrop Fryslân
Yn De ûntdekking fan Fryslân krije de ynwenners fan Fryslân fan no yn in enkête de fraach hoe't sy har identiteit persoanlik ûnderfine. En oft se wat fiele fan in mienskiplike Fryske identiteit, yn of bûten de provinsje, yn in globalisearjende maatskippij. Ek de aaklike raffelrântsjes komme oan 'e oarder. Fiele minsken har wolris bûtensletten, of slute sy sels oaren bûten?

Podcast Wy & Dy

De jonge histoarikus Hielke van Duuren ynterviewt minsken dy't in spesjale bân mei Fryslân hawwe. Dy petearen wurde ek útstjoerd as de podcast Wy & Dy by de searje FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân.

FryslânDOK De ûntdekking fan Fryslân diel 1 en 2

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.